Nifelmiddei fan hjerstwurkjes

Sneontemiddei 6 oktober binne we wer út ein setten mei de jeugdwurk aktiviteiten. We hienen dizze middei mar in lyts groepke fan 6 bern.
De oare bern hienen dizze middei wat oars op de planning stean. De bern mochten sels kieze út ferskillende hjerstwurkjes.
In skilderij as oare moaie tekening meitsje fan wasko mei dêr ekoline oer hinne verfje. In spinneweb meitsje fan kastanjes, jern en satéprikkers, In harmonika tekening meitsje as wat fan kastanjes en cocktail prikkers yn elkoar nifelje. De bern ha allegearre drok oan it wurk west en binne mei moaie keunstwurken nei hûs ta gongen! Us folgjende aktiviteit is op snein 11 novimber, Rôtreugeltsje.

Sjoch hjir foar in lytse sfeer ympresje