Swarte Piten yn Friens

Sneontemiddei 1 desimber hienen we in gesellige spultsjes middei mei alle bern fan nul oant en mei tolve jier fan Friens. Spultsjes yn it tema fan Sinteklaas, sjoelen, memory en sa mear. Rûn de klok fan 16.00 oere kamen der twa swarte piten lâns, se wienen it paad bjuster. Lokkich wie Lies efkes yn Friens en koe dy se te plak bringe yn it Lokaeltsje. Se ha gesellich mei de bern oan it spultsjes dwaan west, en se hienen foar alle bern in kadootsje meinommen. Besjoch hjir in sfeer ympresje fan dizze gesellige middei.