Boargemaster yn Friens

Fannemoarn rûn 9.30 oere kaam ús nije Boargemaster Sybrand Buma yn Friens. Om yn de kunde te kommen mei de ynwenners . Manmachtich wienen sawol jong as âld nei it Lokaeltsje ta kommen om earst mei elkoar te kofje drinken. Sjoerd Hofstee hat him wolkom hjitten en it ien en oar fertelt oer Friens. Dêr nei wie der in speeddate mei de ferienings, te witten Pl.Belang, Froulju’s Wille, de Kaartklup, Jeugdwurk en Tusken Swin en Moezel . Se ha koarte leuke petearen hân! As ôfslúting ha se noch in besite oan de Tsjerke brocht , wêr’t de koster Piet Sjonger him it ien en oar fertelt hat. Al mei al in tige slagge moarn. Sjoch hjir foar in leuke sfear ympresje.