Ferrassingsrintocht mei lunch

Nei Fret Friens op fuotten en Happen en Stappen wie it no in ferrassingsrintocht mei nei ôfrin in hearlike lunch wêr’t de Frienzer snein 29 april oan mei dwaan koenen. Der wie wer in grutte opkomst. Ferdield yn fjouwer groepen ha we in slach troch Friens dien. En op fjouweren plakken koenen we aktiviteiten dwaan. In kwis, insekten sykje, wurden rieden oan de hân fan tekeningen, pinguin panic, en op in quad  in parkoers ôflizze mei bekers wetter om safolle mooglik wetter yn in amer te krijen., en alle groepen hienen in aai mei krigen wa net stikken mocht! We wienen moai op tiid klear want doe’t we oan de hearlike lunch sieten foelen de earste drippen út de loft. We kinne werom sjen op in tige slagge aktiviteit organisearre troch Pl.Belang Friens.