Frienzer folleybal toernoai

Frienzers, en donateurs


Sneon 29 july wurd der wer in folleybal wedstryd organisearre yn Friens.
Graag hearre we foar woansdei fan eltsenien of jo mei dogge?
Elts wa de legere skoalle ferlitten hat kin harren op jaan.
We begjinne om 17.30 oere mei in buffet fan de Trilker!
Eltsenien kin by it buffet oanskowe,
Foar folwoeksenen binnede kosten € 5,– en foar bern fan 4 oant 12 jier €2,50!
Lit sawiesa efkes fan jim hearre of jim wol of net mei dogge en/of jim mei ite wolle?


Frienzer folleybal toernoai!!!

Wannear:  29 july 2017

Hoe let:     Fanôf 17.30 oere

Wêr:          By Johan Bergsma op de pleats

Foar wa:   Foar eltsenien is der iten!
& elts die fan de basisskoalle ôf is kin mei volleyballe!

Groetnis:
Maurits, Anke en Ronald


Frienzer follybaltoernoai

29 july 2017

Justerjûn binne de Frienzers rûn de klok fan 18.00  oere útein setten mei in hearlik buffet fan de Trilker. Dêr nei koene se los mei it follybal toernoai. De opkomst wie grut mei sa’n 40 follyballers. Der waard op twa fjilden spile, en foar de jongere bern stie it springkessen klear. Spitigernôch koene troch de rein net alle wedstriden spile wurde. Mar der binne al trije teams mei prizen nei hûs gongen. Yn de gesellige skuorre fan Johan koe elkenien noch oant yn de lytse oerkes neisitte!