Mei de geit nei de kroeg

Hiene jo ôfrûne alve novimber, in oere as 21:30 yn Friens de doarren fan it doarpshûs iependien, koene jo in keapman mei syn geit oantreffe op ‘e dûnsflier. Dit taffereel makke ûnderdiel ut fan ‘de gesellige jûn’ organisearre troch Max, Bettie,Ronald en Anke.

Ien kear yn it jier is it ‘gesellige jûn’ yn Friens, in fjouwertal ynwenners/donateurs fan Friens wurde utnoege om in gesellige jûn te organisearren yn it lokaal yn Friens. Dit jier wie it de beurt oan boppeneamde stellen. Nei dat alle fjirtich dielnimmers (ynwenners en donateurs fan Friens) in plakje ynnommen hiene, waard it programma bekendmakke hokker oft ôfdraaid wurde soe.

Het hiele selskip waard ferdield yn groepkes fan fiif, der wiene acht individuele groepsspullen te spyljen troch de acht groepen, ôfwiksele mei collectieve spulmomenten.

Neist in trijetal lytse kennisquizen waarden û.o. spile;

spikerslaan, toer bouwe fan kapla, keutels riede, en objekten fiele…..

Fiif te rieden artikelen, troch te fielen yn in tichtknoopte kessensloop, ropte bij in soad dielnimmers in hilarische reaksje op, mei nammen by de froulju. Se wisten ien fan de fiif objecten goed te beneamen, sels in sier-kalabas wurde no skaalt under de ynhald fan it nachtkastje.

Smaak en reuk waarden op’e proef steld troch manipulearre iten en te rieden luchtsjes.

In pot mei pipernuten wie der te winnen troch dyjinge hokker oft it oantal pipernuten goed riede koe.

Geit Brinksma, hokker oft gjin pamper ferneare koe, mar him wol nedich hie, waard ynskatten op leeftiid en gewicht. (it opjûne gewicht waard yn twivel lutsen omdat ‘Geit Brinksma’ lichter út it lokaal rûn as dat hij der yn rekke wie)

DJ Marcel fan Warkum hat muzikaal versterking jûn oan de kwis, tsien te rieden plaatsjes wiene te hearren. As leste underdiel koe elk groepke, in troch de DJ ynsetten lietsje, fierder sjonge. Alle muzyk waard fanôf vinyl draaid, troch it ferskaat oan leeftiden wie der ferskil yn folume fan de sjongteksten tusken de âlderein en de jeugd. Nei de kwis hat elk de rest fan de jûn genietsje kinnen fan DJ Marcel syn plaatstje-kolleksje.

Neist it bekend meitsjen fan de winners, waard ûnder oare ferteld wa oft foar takom jier de gesellige jûn organisearje meie, Johannes&Wimmy en Jelle&Joke kinne it yn harren aginda foar 2018 opskriuwe.

As organisaasje woene we Piet& Lies, en dielnimmers betankje.Wy sjogge oprjocht werom nei in tige slagge ‘Gesellige Jûn’

Hjir in leuke sfeer ympresje fan dizze gesellige jûn