Happen en Stappen

Nei ‘fret Friens op fuotten’ organisearre Pleatselik Belang Friens dit jier in happen en stappen, en foar de net-stappers, de happen en trappen. De start wie fannemoarn 11.15 oere by it Lokaeltsje. Mei moai sinneskyn waar gong elk op paad, it koe net better. De stappers en trappers krigen in trije gongen menu op ferskillende lokaasjes. Der wie sop by Famylje Galama oan de Reinerswei, by de Wiarda’s  oan de Hegedyk stie in stampot buffet foar de gasten klear. As lêste wer op nei Friens om it neigesetsje te nuttigjen. In tige slagge aktiviteit.

Hjir noch in leuke sfeer ympresje fan dizze aktiviteit