Jierferslach Friens 2016/2017

De toaniel groep hat út iten west by ’t Far yn Terherne, der wiene ek guon die it ferjitten hienen.

Sneon 23 april hienen we “Fret Friens op fuotten.”  Max en Bettie hiene in protte tiid stutsen yn it yn elkoar setten fan in speurtocht. De bern en de folwoeksenen dienen harren bêst om de fragen sa goed mooglik te beantwurdzjen en ek de foto’s soargen foar pittich tinkwurk. Underweis krigen de dielnimmers kofje of tee mei gebak en op de pleats fan Bergsma waard troch Jos in hearlike hamburger servearre. Nei de tocht koe der gesellich nei praten wurde yn ‘t Lokaeltsje.

Sa as alle jierren binne de Frienzer froulju gesellich mei elkoar op reis west yn maaie.
Dit jier wie de organisaasje yn hannen fan Greetje en Boukje en dy hienen betocht om mei syn allen nei de Kruidhof yn Bûtenpost te gean.
Nei de lunch binne de froulju ôfsetten nei Dokkum wêr’t elkenien earst sels witte mocht wat se dwaan gongen! Dêrnei binne we yn in pream troch Dokkum fean en as ôfsluting ha se in hearlik buffet hân.

Op 18 juny wie der wer Frienspop op de pleats by Bergsma, dit wie wer in moai feest mei de band Paperplane.

Merke Friens op sneon te jûn 25 juny waard der útein setten mei it duo Man in Black.
Sneintemoarn stie it fertroude keats programma wer foar de doar en wie der in bytsje in oare opstelling as oars, omdat it lân by Kees en Trientsje foar in part te wiet wie.
It middeismiel wie wer goed fersoarge troch Jannie en Anke, mei sop, broadsjes, salade en fruit en foar de bern wie der knakwoarst mei in yoghurt toetje. De froulju hiene it wer poerbêst foar elkoar.
Middeis wiene der âld Hollânske spultsjes, wêr’t jong en âld oan mei dwaan mochten.
Der wie wer in ferlotting en de middei waard ôfsluten mei it koar “Leave 17”.
It wie prachtich waar en we ha mei elkoar in moaie dei hân.

Yn july waard dan úteinliks de nestskommel pleatst yn de boarterstún.
Omdat oan it âlde skommelframe mar ien skommel hingje mocht, wie it skommeljen altyd mar iensum.
It plan om dêr in nestskommel foar yn it plak del te setten waard útsocht en útwurke.
It wie in hiele ynvestearring, mar der wie ek goed foar sparre om dit realisearje te kinnen.
It gong net yn ien kear hielendal goed, want de skommel wie te heech troch in berekken fout, mar nei in stik fan de peallen ôf te heljen, koenen de bern de skommel dochs yn gebrûk nimme.
Der kinne no wol trije of fjouwer bern tagelyk skommelje, wat ha se in wille.

Nei twa jier wie it op 6 augustus wer safier en gong de kamping yn Friens wer foar twa dagen iepen foar alle bewenners.
Nei it iepeningswurd fan de foarsitter koe der út ein setten wurde mei in goed fersoarge bbq.
Mei it blyn folleybaljen en in moardspul wie der dizze jûn genôch ferdivedaasje.
Mei in gesellich kampfjoer sieten de minsken oant yn de lette oerkes bûten. De folgjende dei wie der noch in moarnsbrochje, wernei eltsenien wer op hûs oan koe.
De kamping gong nei it iten wer ticht, om miskien oer in pear jier noch wer ris iepen te gean.

De organisaasje fan it mannenreiske op 5 novimber lei yn hannen fan Ronald van der Meulen en Jelmer Lageveen en de mannen binne in dei fuort west. Se moasten harren sammelje by it Lokaeltsje mei de fyts, mar lokkich “ek sjoen it waar” stienen der foar harren twa taxi’s klear.
Se binne earst yn Himpens-Tearns oan in Pitch en putt begongen. Dêrnei binne se mei in pream nei Warten fearn, dêr ha se oan it bôgesjitten en paint ballen west. As ôfsluting in grill buffet en mochten se noch efkes yn de tsiis makkerij fan de Wartenster om it hoekje sjen.
De dei waard foar in protte fuort spield mei in oantal liters bier!
Op 9 desimber hie Lies wer in hearlik miel iten foar ús klearmakke.
Dizze kear stie der makaroany op it menu mei in hearlike sjampinjonne saus of tomatensaus.
Nei it iten koe men de foto boeken ynsjen oer de tiid dat Dick Rotinee de behearder wie yn it Lokaeltsje. Dizze boeken hat hy beskikber steld oan Friens en sille yn it argyf bewarre bliuwe. As ôfsluter binne der hearlike âlderwetske plaatsjes draait.

Kees kwakkele dit jier mei syn sûnens, yn de maaitiid longûntstekking, in bloedprop yn de earm en in lichte tia. Troch it útbliuwen fan opknappen, waard fierder socht en yn augustus waard term kanker ûntdutsen. Yn oktober is hy hjirfoar operearre en is der in flink stik term tuskenút helle en in grutte tumor is ferwidere. Kees moat fan fier komme, mar it liket dat de operaasje goed slagge is. Rudi is foarich jier op 28 jannewaris oan de linker knibbel operearre en op 25 july ha se de rjochter knibbel dien. Jelle is dit jier ek twa kear operearre en by Hilly hawwe se in yngewikkelde ear operaasje dien. Dizze operaasje is lokkich goed slagge en Hilly kin no it om seagjen fan beammen ‘s nachts ek wer goed hearre, Se moat noch wol efkes rêstich oan dwaan yn ferbân mei in etalaazje foet.
Wy hoopje dat alle siken gau wer goed herstelle sille.

Yn de simmermoannen is eltse sneon de tsjerke yn Friens iepen om dizze fan binne te besjen. In oantal frijwilligers steane om bar dizze hiele middei foar de besikers klear en kinne hjir en dêr taljochting jaan. Dyjinge dy ‘t meast oer it tsjerke fertelle kin hat de groep fan te foarren efkes taljochting jûn. Mar de moaiste ferhalen komme noch altiten fan Piet, dy’t der ek foar soarget dat it moaie totaal  plaatsje by it tsjerke der altyd tige keurich by stiet.
Ek foar it opheljen fan it âld papier ha we in moaie list mei frijwilligers. Tige tank allegearre.

Anke is yn Friens in echte miny biblioteek start. Boeken ruilje en liene is yn Friens dus no ek moogelik.
It besoargjen fan de krante hat Sietie nei hast 19 jier fan Trientsje oernommen.

By it hûs yn de bocht fan Wessel en Chantal sjit de ferbouwing al aardich op, dus se sille harren grif gau settelje hjir yn Friens. By Adri is ek in moai hûs pleatst en we binne tige nijsgjirrich mei wa’t hy hjir ynkoarten komt te wenjen. Abe en Hillie ferhúzje ynkoarten nei  it heuveltsje om sa plak te meitsjen foar Age en Marrit dy’t op de pleats komme te wenjen.

Ek dit jier hiene we wer in hiel grutte brânbulte mei waarme poeiermolke en glühwein en op 6 jannewaris ha we in nijjiersborrel mei elkoar dronken yn ’t Lokaeltsje.

Kees en Trientsje ha dit jier harren 40 jierrich houliks jubileum fierd, Max en Bettie in wike letter harren 25 jierrich jubileum en Piet en Lies as ôfsluter ek noch in 40 jierrich jubileum. We ha moaie feesten hân en eltsenien yn Friens wie hjirfoar útnoadige.
Mei dizze lêste moaie mominten wol ik it by dizze no graach ôfslute.

Clazina van Balen-Jorna