In moaie dei fuort

Snein 8 oktober wie it sa fier, it bernereiske fan Idaerd. We ha mei syn allen nei Drouwenerzand west. De âldsten (Mik, Age, Ruben, Harmen, Lieke en Jelle) mochten oeral sels yn en koenen sels troch it park. Fimme, Femke, Suze en Fetsje moasten by de measte atraksjes noch ûnder begelieding der yn, dêrom gienen Catharina, Mardjantie en Inge mei harren yn de achtbaan, botsauto’s en draaidingen. We soenen 17 oere wer thús wêze, mar we hienen it sa moai, dat we de âlders appt ha dat it wol 18 oere wurde soe. De bern ha harren tige goed fermakke, lekker iten en dronken (ite safolle as je wolle, fergees) en it waar koe net better!