Nijs fan Plaatselijk Belang Idaerd

100 jier Pleatselik Belang Idaerd, Eagum en it Hôflân.

It wie eins wat in frjemde sneon 8 septimber 2018. Wy soene mei’t reiske nei oanlieding fan it 100 jierich bestean fan it Pleatselik Belang.
Mar doe’t my frege waard om nei oanleiding dêrfan ek in stikje te skriuwen waard it gefoel der net better op. It wie krekt as eartiids op skoalle, master sei:”Let goed op want de volgende dag moet je een opstel schrijven over de boottocht.” Fandêr myn frjemde gefoel misskien.
It set jo trouwens ek oan ‘t tinken. Want 100 jier ferlyn wie dochs krekt de earste wrâld oarloch ôfrûn. Werom waard Pleatselik Belang krekt doe oprjochte?. Hoe lei de wrâld dêr doe fierder bij?. It wie in wrâld dy’t wy no net mear kenne. Eagum hie doe foar safier’t ik wit 8 molkfeebedriuwen, no noch 3. Yn Idaerd 9 en no skrik net, noch 1. Dêr wie op de measte pleatsen wol mear folk en ek doe gienen se fanút Pleatselik Belang wolris mei in reiske (Dêr moasten noch foto’s fan yn’e omloop wêze). Mar no nei safolle jierren wiene wy oan bar.
Dêrom sneon te middei; op nei Earnewâld. Wy soene 5 oere farre en dat slagge ek kreas op’e tiid. De Marprinses wie foar ús ornearre, bouwd yn 1993 by Bylsma yn Warten.
Doe’t wy goed en wol fan wâl wiene, wie dêr al ridlik gau in bakje kofje mei oranjekoeke. It wie no direkt net “bikini” waar mar wat yn’e lijte op it boppedek wie it bêst út te hâlden, en je sjogge moai it gea oer. Tsjonge, jonge, wat wiene dêr yn Earnewâld noch in minsken yn tintsjes of caravans oan it wetter. De kofje wie op, de drank kaam foar ‘t ljocht en wylst foeren we nei de Headammen.
It feest op’e Veenhoop wie al dien, dus dêrwei oer de Ie op nei Grou. Yntiid waard der hiel wat praat tusken dizze en gene. Moai wie ek dat der nije ynwenners fan Ideard en Eagum fan’e partij wiene.
It wie beregesellich. Ik ha se net teld mar my fertelle litten dat der 48 persoanen mei wiene. Dat betsjut dat út’e rûchte wei dat heal Idaerd en Eagum mei wie. Wy wiene yntiid op’e Wide Ie oankommen en koene de ôfgroeven grûn by de Burd besjen. Wetter, wat in wetter, en dan te begripen dat we fan’t simmer in sproeiferbod hiene. In slach om en de Greft yn. Trije Hûs, en doe it kanaal op nei de Krúswetters en fan dêr wer nei Earnewâld. Mar safier wie ‘t noch net; wy moasten earst noch ite. Der waard dan ek oanropppen dat we binnen doaren komme moasten. Der stie lykwols neat klear, mar doe, doe’t der in stik flier omheech gong kaam der in tafel mei alles der op en der oan omheech. Griente, fisk, fleis, patatten en ja neam it mar op, alles stie en lei kreas oanklaaid op’e tafel. De betsjinning joech oan wa’t opskeppe koe en dat rûn, lykas alles, as in trein. Der wie tinkt my, foar etls wat wils. Poerbêst. Yntiid wie it grutte ljocht bûten útgien en sa foeren we, wylst we noch in neigesetsje fan iis en in bakje kofje krigen wer op Earnewâld ta. Om kertier oer njoggenen wiene wy wer foar de wal. In prachtige dei, in gouden greep. Dit kin wolris wer wat my oanbelanget.
O ja, noch ien ding.
Ik ha neigenôch dizze fjouwer oeren eins gjin mobyltsjes sjoen. We kinne it sûnder dy dingen dochs noch wol pratende hâlde.

Betanke foar alles.
F.