Eagum

wapen_aegumDe histoarje fan Eagum giet fier werom. Hoe is de namme ûnstien. De wol bekende hear Oepke Santema hat dit útsocht. De stam is Eag, Agh en Ag, um is it taheaksel en betsjut heem of him en dat doelt op terp. It is yn ferskillende skriuwwizen brûkt, n.l.:

ñ 1450 Popke Haringha to Aegum

ñ 1470 Sywurd (sjoerd) to Aghim

ñ 1478 Sywerd Kamstra to Aghem.

Eartiids lei Eagum oan de Wergeastermar. Dat wie yn dy tiid ien fan de grutste boarnen fan ynkomsten. Sels yn 1622 waard der noch it folgjende oerskreaun:

“Vischrijk meerken genaemt Warrega Nijemeer, daer men secht gevangen te worden de beste visch van Vriesland.” Yn 1634 beslút men de mar droech te lizzen. De Eagumers en Wurdumers waarden bedrige yn harren bestean. Op in nacht, wylst de mar al moai droech lei, setten hja mei de lodde nei de polderdyk en groeven dy troch.

Alles strûpte der wer ûnder. It wie mar útstel, want in jier letter wie de mar definityf droech.

Dochs moatte de keapmannen Paulus Jansz Cley en Wilhelm Cley, dy‟t it droechlizzen útfierd hawwe, wol niget oan dy Eagumers hân hawwe, want hja lizze beide yn de toer fan Eagum begroeven.

eagumDe toer fan Eagum hat al ferskate dingen trochstien. De tsjerke dyt der efter stie is yn 1777 ôfbrutsen. Hy wie sa min, dat it net mear fertroud wie om nei de preek te harkjen. It jier dernei stie der in nije tsjerke. Dizze hat it net lang makke, der kaam suver gjin folk mear yn tsjerke. Yn 1838 is de tsjerke foar ôfbraak ferkocht. Yn de Pein ha se der in kafee fan bouder kaam suver gjin folk mear yn tsjerke. Yn 1838 is de tsjerke foar ôfbraak ferkocht. Yn de Pein ha se der in kafee fan boud.De klokken fan Eagum bleaunen behâlden. Dy soenen se in skoftsje letter hurd nedich hawwe.Yn 1890 ferstoar Kening Willem III. Salang as de kening boppe de grûn stie, letten alle deaklokken op fêste oeren fan de dei, sa ek yn Idaerderadiel. Allinnich Eagum hie men fergetten hjir berjocht fan te dwaan.De Eagumers rêden hjirmei. Se begûnen in oere earder al om acht oere te lieden, en rêsten as de oaren lieden. Sadree as dy swijden, setten de Eagumers wer útein.

 

middelpunt_idaerd_en_eagumEagum it middelpunt fan de wrâld. Trije hoannestappen fan de toer leit in tegel, dat is it middelpunt fan ‘e wrâld en wa ’t net leauwe wol, mjit it sels mar nei.

Der is in siswize: “ It is Eagumer merke ”. Dat is, as it reint en tagelyk de sinne skynt.

Yn 2006 is der yn Eagum 1 wente bybout.