Idaerd

 

wapen_idaard

It moat sa gien wêze, dat de frij fêste klaaigrûn – boppelaach der ta bydroegen hat, dat der in goed begeanbere ferbining makke is fan Reduzum nei Idaerd. Dit hat der ta bydroegen dat de ferneamde Grytmannen harren nei wenjen setten yn Idaerd, ien fan de lytste doarpen fan Idaerderadiel (oan’t 1984 ta), dêrnei Boarnsterhim en no (fanôf 2014) gemeente Ljouwert.

Mar histoarysk besjoen lang net de lytste. Der hawwe tiden west, dat it de sit wie fan it gritenijbestjoer. Dêrom de namme Idaerderadiel, dat is: it diel fan Idaerd. En Idaerd is dan wer gearstald út de namme Iede of sa‟t it earst wie: Eda en werd, wat hjir wol terp wêze sil. De terp fan Eda is der net mear, teminsten net yn syn hear en fear. De tsjerke en in stikje fan „t doarp steane noch op in oerbliuwsel. De toer ( yn Roomske tiden tawijd oan de froulike hillige St. Gertrudis) is boud yn ‟e 15e ieu. De tsjerke fan 1774 is bekend om syn seis brânskildere ruten (glêzen ) makke troch de bekende keunstner Ype Staak en om de roubuorden as oantinken fan Karel van Roorda en ien fan de fan Scheltinga‟s, bewenner fan Friesma-state. Doe‟t yn de besettingstiid de beide klokken út „e toer moasten, die bliken dat de grutste klok 470 kg swier wie en dat der in opskrift opstie: “Jvrien Balthasar. Heft my ghegooten 1658”, mei it wapen fan “Carel van Roorda, Grietman over Idaarderadeel”. Grif deselde fan de roubuorden. Friesmastate stie oan de noardkant fan Idaerd. Yn 1882 is it mei de grûn gelyk makke. Cornelis van Scheltinga ferkocht op 26 novimber 1763: 250 abelen , esken en eken beammen. Tink jim ris yn, hoe‟n bosk as der doe oan ‟e dyk nei Tsjaard opriisde.!

Yn de rin fan de jierren hat Idaerd him ûntwikkele nei dat wat it no is. Yn de oarlochstiid wie ‟t in, mar fan ien kant te berikken doarpke, in moai plakje foar ûnderdûkers. It oansjen is yn dy tiid wol wat keal wurden, want de iperen beammen binne doe omseage foar brânhout. Yn 1941 is de gersdroegerij oprjochte, men tocht foar tydlik, mar hy hat mear as 50 jier bestean kinnen. Yn de fyftiger jierren is de Hôflânswei oanlein, sadat Idaerd ferbining krige mei Grou. Ek binne der yn dy jierren inkele huzen byboud. Yn 1966 nochris 6 nije huzen en wie Idaerd neffens de gemeente fol.

Begjin 1960 kaam de Rykswei 32 neist it spoar te lizzen en hienen Idaerd en Eagum in direkte ferbining Noard – Súd. Foar de skoalbern is doe de skoalbus der kommen, it waard te nuodlik oer de ferkearsdyk. 1978 Idaerd krijt djiprioel en de Friesmawei wurdt opnij ynrjochte, breder en mei in stoepe en strjitnammen. De middenstân: twa winkels, in bakker en de turfskippers hâlde der yn de sechstiger jierren mei op. Dat Idaerd dwers op it Easten leit, hat it doarp witten yn febrewaris 1979. Trije dagen opsluten yn de snie.

De agraryske sektor hat yn de 80 en 90 „er jierren in grutte fear litten. Wiene der nei de oarloch 18 grutte en lytse buorkerijen yn de kontrijen Eagum- Idaerd en it Hôflân, it binne der no noch mar 5 dy‟t yn bedriuw binne. Yn 1989 wurdt Rykswei 32 ferdûbele. De direkte ferbining mei Ljouwert as it Hearrenfean is fuort. De ienriedigens fan it doarp en it belang fan de Gersdroegerij ha der foar soarge, dat der op 3 oktober 1990 in tunnel iepene wurde koe en de ferbining mei Reduzum behâlden bliuwt. Yn de 90 jierren noch twa nije huzen derby en wurdt It Lokaal ferboud en útwreide.

Mei it yn 2003 oanleine parkearplak by de tsjerke en yn 2006 de oanlis fan in Jeu de Boulesbaan is Idaerd wat it no is: “In noflik plakje om te wenjen”.

volkslied-idaerd