Toaniel

vr_kringToneelvereniging Vriendenkring
Contactpersoon:
Mw I de Bruin
Friesmawei 35
9007 SE Idaerd
tel: 0566-653870

 


Toanielferiening De Vriendenkring is yn 1866 oprjochte troch master Koster. Hy stie fan 1864 oant 1871 yn Idaerd oan skoalle en is letter tige bekend wurden yn ‘e wrâld fan musyk en koaren. Fan ‘e begjinjierren is net folle oerlevere; wol binne der prachtige notulen fan 1899 ôf. Yn dy notulen wurdt it hiele libben beskreaun en ek noch it toaniel. Noch wurde de notulen foarlêzen tidens de jiergearkomste en wurdt alles mei de hân skreaun.

 

Yn ‘e begjinjierren kaam men om ‘e 5 of 6 wiken by elkoar om te sjongen, musyk te meitsjen en bynammen om elkoar foar te lêzen of foar te dragen. Tuskentiden waard in stik oefene foar de jiergearkomste. It tal repetysjejûnen is net te fergelykjen mei hjoed de dei, doe sa ’n 5 , 6 kear en no faak mear as 20. En der binne mear feroarings: It doel is no in stik sa goed mooglik te bringen, doetiids wie it mear it by elkoar komme en elkoar foardrage en fermeitsje. Mar de wille, it mei elkoar oparbeidzjen is altyd bleaun, in echte Vriendenkring.

 

Hjoed de dei is de útfiering meastentiids it lêste wykein fan jannearis. Der binne noch altyd leden/donateurs en de spilers binne meast ynwenners fan Idaerd en Eagum en somtiiden ha we gastspilers fan oare doarpen.

 

Yn 2016 bestie de tonielferiening 150 jier. Foar dit jubileum hat Feije van der Meer mei de pleatselike jeugd filmkes makke

Nijs fan toniel Ideard