Linepraatsjes

Jiergearkomste tennisferiening

27 maart 2016

Woansdei 30 maart hâldt Tennisferiening Stânfries yn de kantine harren jiergearkomste . De gearkomste begjint om 20.00 oere.
De nije tennisbanen kinne dan folop bewundere wurde!

Jiergearkomste keatsferiening Jan Reitsma

26 maart 2016

Tiisdei 29 maart hâldt keatsferiening Jan Reitsma yn de kantine harren jiergearkomste .De gearkomste begint om 19.45.
Nei ôfrin sil keatser Simon Minnesma, fertelle oer de it hieltiten populêrder wurdende keatsspul muorrekeatsen.

Peaskefiering by de pjutten

25 maart 2016

Ek dit jier hat de peashazze efkes by de pjutten west. De peashazze kaam binnen mei in lege koer,alle aaien wienen fuort.
Alle aaien wienen bûten ût de koer fallen en leinen rûnom. De bern woene wol efkes helpe om al dy aaien wer op te sykjen.
Se fûnen it iene nei it oare aai.
Doe’t alle aaien fûn wienen binne se ferdielt oer de sels makke bakjes en koe elkenien al dit lekkers meinimme nei hûs.

Op’e strún by Krekt op Maat

25 maart 2016

Op 2e peaskedei kinne je lekker op’e strún oan de Tsienzerbuorren 2.
Meubelmakerij Krekt op Maat hat hjir dan iepen hûs. Mar ek harren wenwinkel Krekt Wat is iepen.
Dirk van der Goot fan Tribulet Goud & Hout stiet as gastdielnimer hjir mei syn sieraden op maat.
Parkeren kin hiel maklik oan de paralleldyk oan de Snitserdyk.

Steyl13 als Pop-up store in Kaphûs

24 maart 2016

Morgen op Goede vrijdag heeft Reduzum voor één dag een kledingwinkel. Steyl13 uit Grou zal als pop-up kledingzaak bij Freonen op Freed in Kaphûs haar nieuwste collectie kleding showen. Iedereen kan langs komen voor een nieuwe outfit!
Oant moarn vanaf 13.00 uur!

Fierljeppers

24 maart 2016

De bern fan de boppebou wiene fannemiddei oant fierljeppen oan de Legedyk. Net elkenien kaam droech oan de oare kant fan de sleat.

CD presintaasje Hindrik Hofstra

24 maart 2016

Kommende snein, 1e peaskedei om 16.00, fynt der yn kafee bar De Welp de CD presintaasje plak fan Hindrik Hofstra. Syn frysktalige CD is opnaam by Noorderzon muziekprodukties in nije single.
Der is dizze middei ek in ferskaat oan oare artysten; Trienes, Roel & Marty, Weima & v.d Werf,….

Open Dag TDS

23 maart 2016

Was u niet thuis? Heeft u de bel niet gehoord? Was u vandaag niet in de gelegenheid viooltjes te kopen?
Geen nood!!.. . ..morgen zijn er tijdens de Open Dag ook nog prachtige violen op school te koop. Tot 12 uur heeft u de gelegenheid om er fleurig tijdens de Paasdagen bij te zitten. Dus…kom langs op de Open Dag en neem op de terugweg de viooltjes mee naar huis. Tót morgen!

CircuitRun voor hartekinderen

23 maart 2016

Brent en Lars Tijssen zijn op 20 maart naar Zandvoort geweest voor de CircuitRun voor de hartekinderen.
Ze hebben met elkaar een bedrag van 514,71 opgehaald! De totaalopbrengst van dit evenement was 75.000 euro t.b.v. Stichting Hartekind. Hierbij wil de familie Tijssen alle gulle gevers hartelijk bedanken.
De reacties waren HARTverwarmend!

Vriendenkring Idaerd 150 jier!

22 maart 2016

De tariedings foar it 150 jierrich jubileum fan de Vriendenkring yn Idaerd ( 11 juny) binne yn folle gong. Der is al omtrint trije jier hurd wurke om in moai programma yn inoar te setten.
Sa binne ôfrûne sneon de jongste bern út Idaerd en omkriten ynterviewt troch Feije van der Meer, mei as doel hjir in moaie film fan te meitsjen. Dit alles barde yn de Bernewrâld yn Reduzum. Meikoarten hearre jimme mear oer.

Zo. 21 april

Wo. 24 april

Vr. 26 april

Za. 27 april


Uitgelicht


Bewaren
Ha jo fragen of suggestjes? Nim kontakt op mei de webredaksje.
Juridische informatie