Sinte-kryst-feest

Leech wetter, hege noed

In soad grutte en lytse bern fannemoarn yn de strjitten
Sinteklaas soe hjoed komme, de huzen wiene ferlitten
Nei in skoftke wachtsjen en sjonge by de Redúster pier
krigen de bern de boat yn’ t  fizier

mar ferhip…..
it wiene allinich mar in fjouwer piten op in lyts skip
ja, dat wie gek
de sint stie net op it dek!

Sinteklaas tocht dizze moarn
‘ik doar de boatreis net oan’
it wetter stiet te leech
as we mei de boat fêst komme, dan wurd de yntocht allegearre wol hiel dreech

dêrom, nei wiis beslút gie sint earder oan wâl
en sette syn hynder op stâl
hy skille foar in taksy
sa gie de yntocht it doarp net foarby

Ien fan de piten oan board wie wol wat tryst
hy hie altiten sa’n langstme nei kryst
hy kin nea kryst fiere, das wol fertrietlik
in pyt mei in krystbeam en krystballen is fansels hiel ûnnatuerlik

Pipernuten dat is wat de bern ha wolle
net sa’n bytsje, nee hiel folle
de piten dielden it snobbersguod ryklik út
elk krige wat, lyts en grut, absolút!

Nei dit grut ûntfangst troch de bern foar sinteklaas koe de stoet nei de boppeseal, foar in moai feest.