Besite boargemaster

Sneon te moarn , 12 oktober, krigen de doarpen Reduzum, Friens, Idaerd en Eagum in besite fan de nije boargemaster Sybrand Buma. Dizze besite wie om yn de kunde te kommen mei de ynwenners . De dei begûn yn Reduzum dêr’t Buma it nije Outdoor fitness park iepene. Nei wat oefeningen gie der mei ‘it swit op ‘e billich’ mei it skoalbuske nei Friens. Manmachtich wiene sawol jong as âld nei it Lokaeltsje ta kommen. Sjoerd Hofstee hat him wolkom hjitten en it ien en oar fertelt oer Friens. Dêr nei wie der in speeddate mei de ferieningen. As ôfslúting ha se noch in besite oan de Tsjerke brocht. Yn Idaerd wie der in lunch mei de bewenners fan Idaerd en Eagum. De boargemaster brocht in besite oan melkfeehâlder Nijdam en in besite oan toer yn Eagum.
Sjoch hjir foar in leuke sfear ympresje.