Doarpsargyf

argyfgroep Ynformaasje: Henk Korf
Douwe S. Bangmastrjitte 53,
9008 TK  REDUZUM
tel. 0566-601759
Doarpsargyf.reduzum@gmail.com


Doarpsargyf Reduzum, Friens, Idaerd en Eagum

Fanút in Geakundeprojekt op de Redúster Trije Doarpen Skoalle en mei stipe fan fan de bibliotheek Mid-Fryslân is der sûnt 1985 alle war dien om te kommen ta in Doarpsargyf.

De doarpskiednis lei ‘oeral en nergens’ ferspraad by hjoeddeistige en eardere foarsitters, sekretariaten en ponghâlders yn in doaze op’e souder of fier fuortstoppe yn in berging. Mocht der wat barre mei dizze minsken, dat wie de kâns grut dat it neiteam de paperassen by it âld papier dwaan soe en wie der in stik doarpshistoarje ferlern gien. Op dát momint hie it gjin wearde, mar dy wearde sit yn de tiid :  we binne nó al wiis mei de stikken en de foto’s fan fyftich jier ferlyn !

En de tiid hat leard dat de ynteresse fan de jongeren pas komt as de âlderen der net mear binne….

En dêrom sammelje we no.
En dêrom krije we stipe fan de Doarpsbelangen.
En dêrom sitte we op in A-lokaasje: al dy jierren hawwe wij gebrûk meitsje mocht fan de de ( letterlike en figuerlike ) waarmte fan ús doarpsskoalle. Fjouwer grutte brânfertraachjende kasten fol soerfrije doazen mei tal fan histoaryske gegevens : notuleboeken, ledelisten, keap-en ferkeapakten, bedriuwsrekkens, oanplakbiljetten, reklamefolders, kasboeken, boutekeningen. En alles registrearre op “Tresoar”- wize en publisearre op de Doarpssite.  ‘Dêrneist wurde noch alle dagen krantestikjes útknipt, kopiearre en tematysk bijinoar plakt : tûzenden artikels ferdield oer hûnderten trefwurden mei spesjale persoansregistraasje en sakenregister. Stikjes oer – en troch minsken en saken út ‘e fjouwer doarpen, oer sport, kultuer, tsjerke, ferkear en betink it mar, lang net folslein fansels, mar gelokkich wurde wy geregeld fersjoen fan helpende hannen, dy’t ús wize op in stikje of samar in artikeltsje oer ( âld) –ynwenners yn’e brievebus goaie !

Boppedat beheare wy mear as tûzen foto’s , dy’t hiel geregeld tefoarskyn helle wurde moatte…….

En dêrom kinne jo der fan op oan dat wy goed op it spul passe, mar krekt likegoed bliuwt it fan jo of jo feriening en it is elts momint fan de dei yn te sjen. Troch eltsenien .

Al yn 1992 is der in boek útkaam oer de âlde en nije skiednis fan de fjouwer doarpen. Tal fan minsken hawwe dêr harren ferhalen, mar ek in hiele protte foto’s foar oanlevere. Dat ‘Ferlinepraat’-boek is noch hyltyd te keap fia de Argyfgroep foar in tientsje te keap. De groep komt yn it winterskoft eltse fjirtjen dagen op woansdeitejûn fanôf sân oere bijinoar yn skoalle en binne foar eltsenien tagonkelik.

Afke van Gorkum                             Lutske Kuipers                     Korrie Postma
Dukke Zijlstra                                    Tjitske Spijkstra                   Hylkje Hettinga
Carina van de Weg                          Janke van der Meulen        Piet Elzinga
Yfke Boersma-van der Meulen     Henk Korf

Speure yn it ferline

Zoekwoorden archief