Doe en no

Us omjouwing wêr yn we wenje en libje is ien hûndert jier al aardich feroare. Oan de hân fan foto’s wolle we jimme alle moannen sjen litte hoe de omjouwing feroare is.
Foar ynformaasje oer de histoarje fan ús doarpen; Doarpsargyf.reduzum@gmail.com


“It stasjon, mei boppe it wenhûs en ûnder de wachtromten.
Oant 1929 wie der in inkeld spoar mei spoarbeammen, dêrnei waard it spoar dûbel mar sûnder spoorbeammen.
Yn 1938 is de halte opgeven. It gebou waard om 1960 hinne ôfbrutsen.


Mear as ieu ferlyn stie der op de Haven de pastorij fan de Nederlands Hervormde gemeente. De pastorij is begin sechstiger jierren ôfbrutsen, der binne doe fjouwer huzeblokken, op’e Buorren en de Haven foar yn plak kaam.


Dit is it hûs op’e Pôle oan de Legedyk. Der wennen trije húshâldens. In grutte tragedy fûn pleats doe’t hûs ôfbrânde. In famke fan 3 jier kaam dêrby om it libben. Sy wie in dochterke fan Bauke Heida. Hy is letter emigreert nei Kanada. No stiet hjir it nije hûs fan Jan Galema.