Doarpsbelang 100 jier


Op 18 maaie de jûns gean we werom nei de jierren 60/70 mei in daverjend Muzykspektakel!  “Let the sunshine in”

Wy kinne noch net te folle ferklappe, mar ien fan de aktiviteiten stiet al fêst. Op dizze jûn sil ûnder oaren ús eigen doarpsband, nei 6 jier, wer fan de partij wêze. Jim kinne se noch wol fan de tintefeesten yn Reduzum, Idaard en Friens fan in oantal jierren lyn. De mannen fan The Riff (ja, ja, dat is de namme no) binne al wer as jonge hûnen oan it repetearjen en jim kinne meidwaan!

Meld dy oan as sjonger/sjongeres, en fiel de geweldige erfaring om dyn eigen favorite nûmer út de jierren 60/70 mei dizze topband mei te sjongen.Wachtsje net te lang want der kinne heechút 15 acts meidwaan.

Ynskriuwe kin oant 1 maart by Sytse Broersma
Mail sysystudio@planet.nl  of belje op 06 51591141