Feiten en cijfers

wapen-reduzumHet zal niet vaak gebeuren, maar zoek je Reduzum vanuit de lucht dan ligt het dorp op 05 º 47, 14′ oosterlengte en 53º 07, 06′ noorderbreedte.
Mensen van de topografische dienst vliegen al vanaf 1981 tenminste 1x in de vier jaar over Nederland heen om van alle plekken luchtfoto’s te maken, dus ook van Reduzum. Van die foto’s maken ze zeer gedetailleerde stafkaarten.

 

Land
Reduzum ligt in het hart van Friesland in de gemeente Leeuwarden, ongeveer 15 kilometer ten zuiden van Leeuwarden en 25 kilometer ten noord noordwesten van Heerenveen. Het dorp ligt pal aan de Overijsselse straatweg, een oude verbindingsweg tussen Leeuwarden en Sneek. Via de A32 Leeuwarden-Heerenveen en de N354 naar Sneek is Reduzum eenvoudig en snel te bereiken.

Trein
Kom je met de trein vanaf Leeuwarden of Heerenveen, dan moet je uitstappen bij station Grou/Jirnsum en verder per taxi.
Treintijden en andere actuele reisinformatie vind je op www.ns.nl

Bus
Met de interlokale bus kun je vanuit Leeuwarden (lijn 95), Sneek (lijn 94) of Joure (lijn 95) met de lijndienst naar Reduzum. Voor informatie over vertrektijden en reisduur, kijk op reisplanner openbaar vervoer via www.9292.nl

Water
Per boot en schaats kun je de haven van het dorp via it Swin/âld Swin en de Zwette bereiken. De beide sloten verbinden Reduzum met Jirnsum en Grou en, via de Zwette, met Leeuwarden en Sneek. Voor kleine open bootjes en kano’s is het geen probleem om in Reduzum aan te leggen. De doorvaarthoogte van enkele vaste bruggetjes is beperkt. Kijk voor alle zekerheid de waterkaarten of watersportalmanak.

 

Jaarlijkse festiviteiten : Redúster merke, weekend van eerste zondag in september
Voorzieningen: Behalve de Openbare basisschool en een peuterspeelzaal zijn er een aantal  vormen van kinderopvang. Ook is er ouderenzorg mogelijk.
Bedrijven In het bedrijvige hart van Friesland zijn een groot aantal bedrijven.
De Sakeklup behartigt de belangen van de ondernemers in algemene zin

 

Reduzum, doarp 10 kilometer súd fan Ljouwert, mei sa’n 1100 ynwenners. Wêr wenje dy minsken?

Ayttawei
Dizze wei fan Idaerd nei Reduzum tanket har namme oan Aytta State, de pleats by de tsjerke. Sa’n 500 jier lyn wenne dêr it slacht Van Aytta. Wigle van Aytta wie in ferneamd riedsman fan Karel V en Filips II. Viglius Swichemus, sa’t er him sels neamde, ferstoar yn 1577. Yn de earste helte fan dizze ieu waard de wei Stationswei neamd nei it stasjon dat Reduzum en Idaerd doe noch hiene.

Buorren
Yn de Fryske doarpen is de buorren de strjitte dêr’t de middenstân wennet. It part fan de Haadstrjitte dat kafee Bleeker oan stiet, hjitte foarhinne ek buorren. De strjitte dy’t wy hjoed de dei de buorren neame, hjitte doe “de âld buorren”.

Haven
De oarspronkelike haven rûn eartiids oan de Haadstrjitte ta. Omdat de haven as sadanich hast net mear brûkt waard en in boarne fan smoargens wie, waard er yn in oantal etappes demt. De plannen om de haven wer iepen te meitsjen en sa it doarp har eigen gesicht werom te jaan, ha it net opredden.

Alle Jans Smedingstrjitte
De wei fan it doarp, dy’t nei Alle Jans Smeding (1820 – 1902) neamd is, rint fan de Haven nei it westen ta. Smeding wie smid te Reduzum. Hy hat û.o. yn de Haadstrjitte tsjinoer de Sparwinkel wenne. As sekretaris fan “it Frysk selskip fan 1844” (fan 1873 – 1902) hat hy him tige ynsetten foar de emansipaasje fan it Frysk op it plattelân. Yn ferskate tydskriften publisearre hy artikels en gedichten. Guon fan dizze gedichten binne op muzyk setten, lyk as Bolle sudewyntsjes waaie. Op syn grêf op it tsjerkhôf hat “it Frysk selskip fan 1844” in tinkstien pleatst.

Ds. Boersstrjitte
De dûmny Boersstrjitte rint sûnt de tachtiger jierren fan de Haadstrjitte mei in bocht om de bank hinne nei it westen. Benjamin Boers wie fan 1900 – 1937 predikant te Reduzum. Hy wie in opfallende persoanlikheid, dy’t him yn letter jierren by de kommunisten oansluten hat. Dit wie in protte minsken min nei’t sin, dat hy is frij wat kearen skorst as dûmny. Dochs foel hy fral op troch syn grutte religieuze belutsenheid en minskeleafde. Hy hat him foar in protte minsken ynsetten.

Haedstritte
De wei dwarstroch it doarp hjit Haedstrjitte. De Nederlânske namme Hoofdstraat hat dizze wei noait hân. Eartiids waard it begjin fan de strjitte fanôf de tsjerke de buorren neamd. It part nei de strjitwei hjitte Púndyk, nei it pún dêr’t dit stik sûnt de oanliz om 1860 hinne, mei bedutsen wie.

Master Gorterstrjitte
Sa hjit de strjitte wer’t de Trije Doarpen Skoalle oan stiet. Jan Gorter wie it haad fan de legere skoalle te Reduzum fan 1911 – 1949. Neist syn wurk yn skoalle wie hy tige warber yn it ferieningslibben. Hy wie in treflik lieder fan it sjongkoar dat ek bûten it doarp súkses hie. Fierder wie hy mei oprjochter fan de gymnastykklub Stânfries, oargelspiler yn de tsjerke en skriuwer fan revu’s foar de ferskate ferienings. Dêrby wie hy ek foar in protte minsken riedsman. Hy is yn 1952 ferstoarn.

Stânfriesstrjitte
Dit koarte eintsje wei fan de Master Gorterstrjitte nei it sportfjild is neamd nei de gymnastyk- en kuorbalklub Stânfries, ferieningen dy’t in wichtige rol yn it doarp spilen en spylje. Letter ha ek de folleybal- en de tennisklub de namme Stânfries oannaam.

Joksewei
Dwars op de Stânfriesstrjitte leit de Joksewei, sa neamd nei it rivierke de Jokse, dat eartiids de noardgrins fan Reduzum foarme. De Jokse rûn fan de Wergeaster Mar by Eagum troch de lannen om by it Langstek yn de âld Middelsee út te kommen.

Douwe S. Bangmastrjitte
De Bangmastrjitte is de grutte “nijbou”-strjitte dy’t mei in bôge fan de Haadstrjitte nei de Legedyk rint. De strjitte is neamd nei Douwe Sikke Bangma, dy’t help-karmaster fan Idaerderadiel wie. Bangma wie yn de twadde wrâldoarloch aktyf yn it ferset tsjin de Dútsers. Op 2 maart 1945 waard hy (mei party oaren) troch de Dútske plysje arresteard en fuortfierd nei it kamp Neuengamme yn Dútslân. Hy waard ta de dea feroardiele, mar it fonnis waard hieltyd útsteld. Troch bemiddeling fan it Reade Krús waard hy evakueard nei Sweden. It transport waard besketten troch de Ingelsen en allinne it skip mei Bangma kaam yn de Sweedske haven Trelleborg oan. Dêr is Douwe Sikke op 2 maaie 1945 ferstoarn oan de trochstiene eangsten en it lijen dat hy meimakke hie.

Legedyk
Dizze wei lei leech yn tsjinstelling ta de Hegedyk (sa’t de tsjintwurdige strjitwei eartiids neamd waard), dy’t folle heger lei. De Legedyk rint fan de tsjerke by it nije tsjerkhôf del om as fytspaadsje út te kommen op de strjitwei fan Akkrum nei Ljouwert.

Overijsselse straatweg
Foar de oanliz fan de autowei Hearrenfean – Ljouwert, wie de Overijsselse straatweg de ferbiningswei fan Ljouwert nei Oerisel. Earder waard de wei dy’t by Reduzum oer de Middelseedyk rint, de Hegedyk neamd.

De Trije Romers
Dit buorskip is neamd nei it ferneamde kafee dat op it plak fan de bushalte stien hat. Yn dit kafee mei syn grutte dûnsseal binne yn de foarige ieu it Fries Rundveestamboek en it Fries Paardenstamboek oprjochte. Yn 1959 waard it kafee “De Trije Romers” ôfbrutsen om plak te meitsjen foar it ferbreedzjen fan de strjitwei. De skuorre mei stâl binne bewarre bleaun.

Tsienzerbuorren
Fanôf de Snitserhoeke nei Snits op komme wy troch Tsienzerbuorren. De namme fan dit buorskip komt fan de gâns âldere namme Tsiens. De betsjutting fan dizze namme is ferlern gien. Nammen as Friens, Stiens en dus ek Tsiens binne mear as 1000 jier âld.

Op’e iisbaan
Wei yn Reduzum Súd, op it plak fan de âlde iisbaan

Suderom
Wei yn Reduzum Súd, mei kavels oan it wetter (de Swin-Swette route!)

It Pypke
Wei yn Reduzum Súd, de ferbining tusken A.J. Smedingsstrjitte en de Terp

Ienswei
De ruilverkavelingsdyk flak by it spoar it lân yn nei Ienstra (de pleats fan De Groot).

It houtstek
Dizze wei is ûntstien troch “inbreiding” op it plak dêr’t eartiids it houtstek fan oannimmer Stelwagen en Van Gorkum stie.

Oan it Swin
Dizze strjitte, yn nijbouwyk it Swinlân, leit neist it wetter it Swin

De terp
Doe’t er begûn wurde soe mei hûzebou yn de nijbouwyk it Swinlân is der by de grûnûndersiken in terp fûn.