Reduster doarpsliet

Sjong mei Sjongnocht mei

 

Oant iene kant spoar oan de oare kant de wei

dêr tusken Reduzum dat doarp leit ús sa nei.

Mei greiden op klei mei de bêste Fryske kij

Reduzum ik hâldt sa fan dij.

 

refrein

 

Reduzum doarp do bist fan my ‘k hâldt san bulte dochs fan dy

Mei dyn toer sa steil en stoer sjochtsto fier de fjilden oer

mei dyn greiden op dyn klei bliuwsto my altyt sa nei

wer’t ik kom yn’t hiele gea ferjit dy nea

 

Op’t plattelân en dochs sa tichte by de stêd

dyn keatser en kuorballers op it grien mêd

Gymnasten dyn sjongers dyn wrotters eltse dei

Reduzum do bliust my sa nei.

 

refrein

Moat ik dy ferlitte ferjitte doch ik dy net

foar dy bliuwt in plakje yn binnenst myn hert

Dyn ienheid wêr fynt men dat earne oar ek sa

dêrom kom ik nei dy grif wer ta.

 

refrein