Bernedeiferbliuw Bernewrâld

bernewraldBernedeiferbliuw Bernewrâldsutelplak
Bûtenskoalse opfang It Sutelplak

Haedstrjitte 29
9008 SR  Reduzum
06 10 09 90 30
0566 60 24 34 (privé)
www.bernewrald.nl
www.itsutelplak.nl
vind ik leuk


Efter de doar oan de Haedstrjitte 29 giet in prachtig plakje ferskûle foar bern yn de leeftiid fanôf 10 wiken oant de ein fan de basisskoalle leeftiid. Yn it wenhûs is in romte makke wêr it noflik wêzen is foar de jongste bern oant ‘e mei 4 jier, de Bernewrâld. Ek bûtendoar yn de omheinde tún kinne se mar omraak boartsje. Foar de gruttere bern is der yn de âlde winkel in smûk plak, It Sutelplak. Hjir is romte foar bygelyks efkes útrêste op de bank, in boekje te lêzen, mei inoar te boartsjen as om mei te dwaan oan in aktiviteit.

Omt wy grutte waarde hechtsje oan it kontakt tusken de bern en de meiwurksters hantearje wy in minimale ôfname fan trije dei dielen by de Bernewrâld. Sa kinne wy jimme bern better folgje en dat oanbiede wat se nedich ha.

Foar It Sutelplak jildt dit net, hjir kin de bern al foar 1 middei te plak. Der bin ferskate mooglikheden, hjiryn bin jo fry om kontakt op te nimmen.  It Sutelplak biedt ek de mooglikheid om allinne skoalwiken ôf te nimmen.

Wolle jo mear witte nim dan kontakt op mei info@bernewrald.nl as info@itsutelplak.nl
Graach oant sjen!

Freonlike groetnis,
Myja Zijlstra-van der Meulen


Bernewrâld is iepen fan moandei oant ‘e mei freed fanôf  7.30 oant 18.00 oere.
It Sutelplak is iepen fan moandei oant ‘e mei freed fanôf 14.00 oant 18.00 oere.
Yn de skoalfakânsjes fanôf 7.30 oant ‘e mei 18.00 oere.

Wy wurkje by de Bernewrâld mei dei dielen om de rêst op de groep te behâlden.