Oeds fan Fierwei

Kontakt:
E-mail: info@theatergroepfier.nl
Website: http://theatergroepfier.nl

 


Ynformaasje jûn OEDS FAN FIERWEI

Op moandei 18 septimber wie der op de boppeseal fan café bar de Welp te Reduzum in ynformaasjejûn oer it stik ‘Oeds fan Fierwei’ mei in protte minsken. Yn 2018 sil op ferskate lokaasjes yn Idaerd, Friens en Reduzum de Odyssee opfierd wurde.

Peter Sijbenga hat ús meinommen yn it troch him skreaune ferhaal oer Oeds fan FIERwei. Oeds komt werom fan de striid om Troje, mar is dêr in stikje fan himsels kwytrekke. Troch wat Oeds mei hat makke, sjocht hy oars nei de wrâld. Hielendal fan dizze tiid fertelt Peter: “Minsken dy no weromkomme út oorlogsgebied, mar ek minsken mei in oare traumatyske ûnderfining sille harren wei op ‘e nij fyne moatte.” Peter Sijbenga, de skriuwer fan it stik, hat op in prachtige en muzikale wize it ferhaal ferteld oer Oeds fan Fierwei.

Scenograaf Geartsje van der Zee hat oan de hân fan foto’s in byld joun fan de foarmjouwing. Se hat ûs seker neadich by it foarm jaan fan klean, readkleurige brillen en mear saken. Janneke de Haan, rezjy, fertelde oer har bedoelings mei it stik en die in oprop foar spilers en figuranten. Rianne Hogeveen docht de produksje en hat útlein hoe se it oanpakke sil. Der sit ek folle musyk yn de foarstelling. Sytse Broersma en Peter Sijbenga ha hjir oer ferteld en in oprop dien foar sjongers en sjongeressen.

De spiksplinternije webside www.theatergroepfier.nl is dizze jûn de loft yn gien en Jeltsje Brouwer en Sytse Fennema ha dit op in grut skerm sjen litten.
Tiidens de infojûn binne wy ek yn ‘e kunde kommen mei de trije haadrolspilers.

Oeds, Penelope (frou fan Oeds) en Telemachos (soan fan Oeds) wurde fertolkt troch Popke van der Zee, ús Marian de Jager en Sjoerd Blom.

Njonken dizze trije haadrolspilers binne der soad minsken nedich. Redúster, Idearder, Frienzer en Eagumer : jong en âld.  Fan sjongers oant ferkearsregelaars, fan naai(st)ers oant dekôrbouwers ensf.

Do kinst dy yn earste ynstânsje sûnder ferplichtingen oanmelde fia it kontaktformulier op: theatergroepfier.nl (rjochtsboppe by contact).

Jou dêrby wol efkes oan watst dwaan wolst. Dêrnei ûtfangsto mear ynformaasje.

Eltsenien is wolkom! Foar de spilers is der in audysjedei op 5 novimber. Der is in frywilligersjûn op 30 oktober. De foarstellings binne, sa as it no stiet, op 27, 29 en 30 juny en 1, 6, 7, 8, 13, 14 en 15 july.


Augustus 2017

200  !

Safolle , ja!

De simmer is hast foarby. Noch efkes ‘Merkje” en dan giet it winterskoft wer yn. En yn dat skoft sille it barre. We sille los mei OEDS FAN FIERWEI. De reis fan Odysseus oersetten nei ús fjouwer doarpen.

Op 18 septimber is der in foarljochting  by Jeroen en Lutske. Om 8 oere. Dêr hoopje we in protte minsken begroetsje te kinnen.  WANT…

We ha al in jier as trije in kommisje fan tarieden. Mei profs as Sytse Broersam en Peter Sijbenga. Der komme no by Janneke de Haan (rezjy), Rianne Hogeveen (produksje) en Geartsje v.d. Zee (dekors. )  Spilers as Popke v.d. Zee en Sjoerd Blom. MAR….

DER BINNE NOCH IN HIELE PROTTE OAREN NEDICH!!!

We ha in saneamde ‘Customers Journey” útsetten. In reis fan it publyk bylâns de spylplakken. Oan helpers ûnderweis bin de al in 50 minsken nedich. Dêrneist is der fansels ferlet fan  bouwers, sjouwers, timmerlju, kleanmakkers en fansels  spilers en spylsters. Dat lêste bin der al in 60 sa rûze we.

Al mei al ha we ferlet fan in 200 frijwilligers.

En dat binne jimme allegear meielkoar. Elk dy’t wol kin meidwaan. Foar elk is der grif in plakje. En fierders moat der fansels ek publyk wêze.

Te grut foar ús fjouwer doarpen?
Ik leau der neat fan. We kinne dat. Mei elkoar sette we in prachtige OEDS FAN FIERWEI  op ‘e planken, op it gers, op ‘e dyk. Oeral yn de doarpen spylje we. En letter sizze we Tsjin elkoar: “Witst noch wol…”

Oant sjen. Oant OEDS.

P.


Juni 2017

Us regisseuze, stelt har foar.  En fertelt fansels oer it stik, dêr t sa njonkenlytsen elk oer tinkt, praat, dreamt…

Fan Idaerd nei Reduzum, fia Friens nei Jirnsum en sa werom nei Grou. Wat ha ik it rûntsje faakris fytst mei myn heit, foarrich jier tidens de repetysjes fan “Foar dy nei dy”. Doe wenne ik noch yn Amsterdam en wie ik faak útfanhûs bei heit en mem yn Grou. En dan jûns in ein te fytsen.

Myn roots lizze yn Idaerd. Myn heit komt fan it Hôflan en gong nei de bewaarskoalle yn Reduzum. En nei de sneinsskoalle yn “It lokaaltsje” yn Idaerd. Myn pake en beppe en ek myn oerpake en – beppe lizze op it hôf yn Idaerd. Altyd ha ik tocht: “Hjir moat ik noch ris wat meitsje…” Doe kaam Peter mei “Oeds fan Fierwei “en doe wie ik fansels fuort ferkocht. It moast sa wêze; in foarstelling op it plak dêr’t myn roots lizze. Kin it noch moaier?
Nei de rezjyoplieding yn Amsterdam ha ik my rjochte op lokaasje – en musykteater. Dit brocht my al gau werom nei Fryslân; want wat is no in moaiere teaterlokaasje as it Fryske lân? Ik ha sân jier yn Amsterdam wenne, mar krektlyn ha ik de stap setten om werom te ferhúzjen nei Fryslan. Dit jout my de romte om noch mear projekten te dwaan yn dizze prachtige provinsje.
As teatermakker hâld ik fan tema’s dy ût it libben grepen binne. Dêr’ t de “gewoane’ man as frou” yn syn of har libben mei te krijen hat. Dit kinne ek “taboe-ûnderwerpen” wêze; ik leau dat je mei teater it ûnbesprutsene hiel goed besprekbaar meitsje kinne. Mar dat hoecht net beslist hiel dreech te wêzen; humor en wat lucht fyn ik hiel belangryk yn teater. Graach nim ik it publyk letterlik mei op in kuier. Op dy wize kinne je se in moaie en aktive rol jaan yn de foarstelling en sitte se net allinnich efteroer line yn’t publyk. Krektlyn makke ik op dizze wize mei myn stifting “Haring & Hummus” de foarstelling “Ik & de Oorlog” op ferskate plakken yn’e biblioteek fan Snits. En foarrich jier makke ik by Productiehuis Meeuw “Verdwenen Families”, wat spile yn’e argiven fan Tresoar. Hjirbei fyn ik it in útdaging om mei in sa grut mooglik ferskaat oan minsken te wurkjen: jong en âld & professional en amateur.
“Oeds fan Fierwei” is in moderne en Fryske oersetting fan “De Odyssee” fan Homerus. Oeds komt nei tsien jier werom fan ‘e oarloch, mar syn thúskomst falt him swier. Gjinien hat tiid foar him, want elk is drok dwaande mei de festiviteiten yn it ramt fan Kultureel Haaddoarp 2018. Oeds wit net wêr’t hy it sykje moat en hy giet dêrom mar wer op’e strún. En it publyk giet letterlik mei him mei. “Oeds fan Fierwei” wurdt nammentlik in teatrale kuier troch de doarpen Idaerd, Friens en Reduzum. It publyk sil mei bussen, mar ek foar in part rinnende, mei Oeds mei fan doarp nei doarp gean.
Peter Sijbenga hat it skript makke en fersoarget tegearre mei Sytse Broersma de musyk. Senografe Geartsje fan der Zee sil har dwaande hâlde mei it dekor en de kostuums. Dêrneist is der in aktive wurkgroep fan ynwenners fan de doarpen, dy’t ferantwurdlik is foar de organisaasje fan it hiele spul. Want in organisaasje dat is it… We hawwe in protte minsken nedich om dit foarelkoar te boksen. It doel is om de foarstelling, safolle as mooglik, te meitsjen mei ynwenners fan de doarpen dêr ‘t it spilet. Hjirby doch ik dêrom in oprop oan de minsen ût de doarpen Idaerd, Reduzum, Friens en Eagum om mei te dwaan.

Ynformaasjejûn OEDS FAN FIERWEI op 18 septimber.

Oeds fan fierwei spylet 29, 30 juny & 1, 2, 6, 7 en 8 july 2018
Op moandeitejûn 18 septimber 2017 is der yn cafe/bar de Welp yn Reduzum in ynformaasjejûn. Hjir fertelle wy mear oer it repetysjeproses en dogge wy in oprop foar frywilligers. Neist akteurs hawwe we bygelyks ek ferlet fan in bouw en kostuumploech en sjongers foar it projektkoar dat yn’e foarstelling in rol krijt.
Nijsgierrich wurden en wolst graach mei ús meidwaan?
Kom de 18e septimber en jou dy op.
Janneke de Haan.

Maai 2017
FIER.

Is meast net tichtby.
Mar dit al.
It stik dat we takom jier opfiere sille spilet yn Ideard, Friens en Reduzum.

OEDS FAN FIERWEI.

Odysseus kaam út de Trojaanse oarloch en koe syn draai net fine.
Oeds komt ek thús, mar berikt dat like min.

In tema dat ek hjoedtedei noch spilet.
It thúskommen nei in fiere en swiere slach.
It fan alle tiden.

De earste presintaasje wie mei in 30-tal oare stiken op 18 maaie yn de Jakobinertsjerke yn Ljouwert.
Dêr hawwe Jos Thie en Tamara Schoppert de start jûnt fan it ûnderdiel ÛNDER DE TOER fan de Kulturele Haadstêd.
Peter Sijbenga hat der spylje en fansels hawwe wy as “kommisje” ús dêr ek sjen litten.

Guon minsken freegje my hoe faak oft we it stik opfiere wolle.
Dat sil mei de generale der by in 7-tal kearen wêze yn de lêste wike fan juny en de earste wike fan july yn fansels 2018.
Mei trije reserve dagen derby soe dat tsien kear wurde kinne.

Guon minsken ha ek frege oft we it dan ien kear yn Idaerd en Friens dogge en fierders yn Reduzum, of dat dat wat mear gelyk ferdeeld wurdt.

NEE DUS.

OEDS FAN FIERWEI IS IN REIS.
Lyk as de Odyssee dat wie.
We starte yn Idaerd mei de foarstelling en reizgje dan dynselde jûn of midddei noch nei de ein fan de IENSWEI Mei de bus.
Dan rinne we nei Friens. Ûnderweis belibje we de nedige avontoeren en ek yn FRIENS stiet it ien oan oar op priemmen.
Mei de bus sette we dan nei REDUZUM. Dêr slute we ôf.

Per kear kin der in 150 minsken mei.
Yn ’t totaal hoopje we dochs op in dikke tûzen minsken.

DIT WURDT MACHTICH.

De fjouwer doarpen litte har sjen. Fan fieren.
OANT DAN. P.


April 2017

De Odysseus fan Homerus kinne jo meibelibje yn it hert fan Fryslân. Op lokaasjes yn Friens, Idaerd, Eagum en Reduzum ( FIER) wurdt de thúskomst fan de oarlochsheld Oeds (Odysseus) ferbylde. De feestkommisje is drok dwaande mei festiviteiten yn it kader fan ˚KULTUREEL HAADDOARP 2018”. De nije fontein sil foar it earst spuitsje. Se ha gjin tiid foar Oeds, dy ’t syn draai net fine kin en nuver om him hinne slacht. As jo witte wolle hoe oft dit ôfrint, dan kinne jo dizze Odysseus mei meitsje op ien fan de ûndersteande data.

It is noch net safier, mar it komt tichteby.
Wa ’t Peter Sijbenga syn optredens op de jiergearkomsten fan Idaerd. Friens en Reduzum by wenne hat, is grif entûsjast wurden.
Prachtich ferhaal.
En dat sil him ôfspylje  ÛNDER DE TOER  fan Idaerd, Friens en Reduzum.

De datums binne bekind. We jouwe se fast efkes troch.  Alles yn 2018, no?

GENERALEwoansdei28 juny jûns19.30-22.00
PREMIÉREfreed29 juny jûns
sneon30 juny jûns
snein1 july middeis15.00- 18.00
moandei2 july jûnsmin waar/ súkses opsje
freed6 july jûns
sneon7 july jûns
snein8 july middeis
moandei9 july jûnsmin waar/súkses opsje

De repetysjes begjinne yn maart.  Earst mei it muzikale part  en dat nimt in grut plak yn. Der wurdt omraak (mei)songen.
Yn april, maaie en juny binne de fierdere repetysjes.
Der wurdt safolle mooglik mei “eigen folk” spile.  In útsûndering wurdt der makke foar de beide manlike haadrollen; Oeds (Odysseus) en Telemachus, de soan.
Alle minsken út de 4 doarpen, dy ’t meidogge dogge dat belangeleas!!
Ek de skriuwer(s) en de muzikanten.  En dat is wol in plomke wurdich.

In oprop foar spilers, spylsters, sjongers, sjongsters, sjouwers, bouwers, praters, lakers, bodders, switters, doggers, stinners,   … wat dan ek, folget.

Janneke de Haan fan Grou regissearret it stik en se kriget help fan Geertje v.d. Zee, by it oanklaaien fan de romte.

OARE MOANNE HEARRE JIM MEAR.

P.


Maart 2017
FIER is de ôfkoarting fan Friens, Idaerd, Eagum en Reduzum.
Bekind no?

Mei syn fjouweren sille we besykje it stik OEDS FAN FIERWEI  oer it fuotljocht te bringen. Dat sil heve yn de earste  3 wiken fan july 2018. Flak foar de simmerfakânsje. Want nei de fakânsje is it MERKE en dan fljocht DE SLACHTE troch Reduzum.

As “FIER-kommisje” binne we aardich ûnderweis.

It stik is der, we ha it earste petear hân mei Janneke de Haan, dy ‘t de rezjy dwaan sil en dy dat alhiel sitten sjocht. Peter is by de Doarpsbelangen delreizge (op 6 april noch yn Reduzum) We hawwe tribunes en we kinne ljocht en lûd oanskaffe.
Fansels binne der noch in protte saken, dy ’t har beslach krije moatte.

In earste fraach is der ien fan opslach en behear. Want neist in replika fan de Blauwe Tent, binne der dan aanst tribunes en is der in ljocht- en lûdsynstallaasje.

Fierders is it de bedoeling dat we as doarpen meielkoar minstens ien kear yn de trije jier in opfiering dwaan sille. It is miskyn wol de baas dat der in nije stichting komt, dy ’t neist it behear en de útlien fan materialen ek de poadiumkeunsten yn de 4 doarpen stipet.

Sa sjoch je mar. Fan it iene komt it oare. Mar earst konsintrearje we ús op july 2018. Jim hearre oare moanne mear.

Namens de kommisje.

P.


In Odyssee yn it hert fan Fryslân

Terptéater wie prachtich, Fryslân 2000 in happening, Doch it foar dyn doarp,Tinte feesten! Friens (2009), Idaerd (2011) en Reduzum( 2013). Alles wat mei elkoar kin, doch we meielkoar. En dan is it feest!!!

MEI ELKOAR, MIENSKIP, KULTURELE HAADSTÊD.

Dêr heart Reduzum by tochten ROTO, Doarpsbelang en Swin Swette. Se sochten der in foarsitter by en yn de simmer fan 2014(!!) gongen Jappie, Alle Jan, Sietse, Leo en Piter om ‘e tafel.
It moast MULTIMEDAAL wurde.  Moai wurd en it betsjut dat toaniel, dûns, mesyk, sang, film alles by elkoar yn in foarstelling moast, dy ’t yn ‘e simmer fan 2018 opfierd wurde soe.

Der waarden skriuwers en muzikanten by frege: Hylke. Baukje en Peter, en noch immen fan it bestjoer fan Doarpsbelang, Otto,  en in kateraar, Jeroen. Suzanne Van Zwam soe (it) filmje en fan de hjerst fan 2014 ôf kaam men sa ien kear yn ‘e seis wike by elkoar yn it tsjerkelokaal. Suzanne is ús wilens ôfstellen troch Omrop Fryslân, fijn Suzanne (foar dy dan), mar de rest docht noch mei en is ûndertusken oanfold mei Atsje en Janny út Ideard/Eagum en Sjoerd en Hylke fan Friens.

EK DE NAMME IS FEROARE, it hyt no FIER en dat is dan moai fan Friens, Idaerd, Eagum en Reduzum.

IT STIK
It kaam der op del dat we kieze moasten út in stik oer Dûmny Boers en de Odyssee. We ha lang harsesskrabbe, mar it waard de âlde Grykse held. Syn avontoeren sille op ferskate plakken yn de 4 doarpen fertoand wurde.  Mei help fan ús ynwenners fansels.  En in inkele professional bgl. yn de haadrol(len) en foar de regy.

IT STIK IS SKREAUN
Troch Peter en dy giet by de doarpsbelangen lâns om der oer te fertellen. Hy hat al yn Friens west en hy sil yn maart en yn april yn Idaerd en Reduzum ferskine.
Wilens sil Yme H. elke moanne in stikje yn de LP en op de site sette oer it stik, want elk hat dat fansels net sûndermear yn ‘e holle. Ik sil jim elke moanne op ‘e hichte hâlde fan de foarderingen.

DE REGY IS REGELE
Janneke de Haan fan Grou wol ús helpe.

DE LOKAASJES BINNE ÚTSOCHT
It spilet him ôf yn Idaerd by de tsjerke, oan ‘e ein fan de Ienswei, by de tsjerke fan Friens en oan ‘e haven yn Reduzum.

JILD IS DER EK
In grutte hap, yn de begrutting, sit him altyd yn it ljocht en it lûd en yn de tribune.  Dat kin je hiere, mar dat ha we wol faker nedich. By de skoalrevu soe sa’n tribune in útkomst wêze. Mar ek by Swin/Swette foarstellingen en as we no dan toch oan ‘e slach gongen, dan soene we ek bêst besykje kinne en doch as 4 doarpen faker in stik mei elkoar. Bgl. ien kear yn ‘e 3 jier. En we soene ek elk jier wol in foarstelling ynhiere kine.

IT SOE DUS MOAI wêze dat we sels beskikke kinne soene oer ljocht, lûd en sitplakken. We ha de stoute skuon oanlutsen; we ha it plan útskreaun en in deeglike begrutting makke en dy foarlein oan it MIENSKIPSFONDS fan ús gemeente.  We ha frege om bydrage foar dizze saken om sa yn de takomst in moaie “swung” oan ús kulturele  doarpenaktiviteiten  jaan te kinnen.

IT IS SLAGGE!
Boppedat ha we ek in oanfraach rinnen by “Ûnder de toer” en dat liket ek wol kâns te hawwen.

WAT IN STIK BÛTER YN DE BRIJ!!
Mear as de helte fan de begrutting is rûn.  WE KINNE LOS.!!

En safier woe ik it foar no mar by litte, want der komt noch hiel wat te sjen.
Yn ’t foarste plak fansels de opfiering, mei elkoar, yn ús 4 doarpkes. Mar ek saken as opslach foar de tribune, in bouploech, behear. Miskyn moat der wol in stichting komme mei de namme FIER, dy’t yn de takomst al boppenneamde plannen op syn noed nimt.

WY HÂLDE JIMME OP ‘E HICHTE

MEI ELKOAR KINNE WE (HAST) ALLES !

P.

Hawwe jim it al heard?

Fan Fier