Kaartverkoop


De Odysseus fan Homerus kinne jo meibelibje yn it hert fan Fryslân. Op lokaasjes yn Friens, Idaerd, Eagum en Reduzum ( FIER) wurdt de thúskomst fan de oarlochsheld Oeds (Odysseus) ferbylde. De feestkommisje is drok dwaande mei festiviteiten yn it kader fan ˚KULTUREEL HAADDOARP 2018”. De nije fontein sil foar it earst spuitsje. Se ha gjin tiid foar Oeds, dy ’t syn draai net fine kin en nuver om him hinne slacht. As jo witte wolle hoe oft dit ôfrint, dan kinne jo dizze Odysseus mei meitsje op ien fan de ûndersteande data.

It is noch net safier, mar it komt tichteby.
Wa ’t Peter Sijbenga syn optredens op de jiergearkomsten fan Idaerd. Friens en Reduzum by wenne hat, is grif entûsjast wurden.
Prachtich ferhaal.
En dat sil him ôfspylje  ÛNDER DE TOER  fan Idaerd, Friens en Reduzum.

De datums binne bekind. We jouwe se fast efkes troch.  Alles yn 2018, no?

 
GENERALE woansdei 28 juny jûns 19.30-22.00
PREMIÉRE freed 29 juny jûns
sneon 30 juny jûns
snein 1 july middeis 15.00- 18.00
moandei 2 july jûns min waar/ súkses opsje
freed 6 july jûns
sneon 7 july jûns
snein 8 july middeis
moandei 9 july jûns min waar/súkses opsje

Bestel kaarten