Fryske Foarlêswike by de pjutten

Yn ’t ramt fan de fryske foarlêswike hat pake Fetze Tigchelaar fannemoarn by it pjutteboartersplak de Earste Wjukslach lâns west om foar te lêzen út it nije Tomke boekje. It ferhaaltsje gie oer Tomke, Nije reinklean.

In hiel tapaslik ferhaaltsje omdat it hjoed reinde! Pake Fetze hie syn reinjas, grutte mannelearzens en in paraplu meinommen. Nei it ferhaaltsje, soarge juf Klaske foar reinwetter. Mar lokkich ûnder de paraplu waarden de berntsjes net wiet.