De lêste dei fan Moarns Ier


It is oansteande,  30 septimber, ús lêste dei…

Nei 125 jier makket de âldste aaisikersclub fan Fryslân, ‘Moarns Ier’, har op foar dy lêste dei. Yn sté fan in jubileumfiering wurdt it in dei fan betinking. In betinking yn eigen fermidden, yn eigen gea, mids fûgels en natoer. En it wurdt in moai betinken, alhiel passend yn de tradysje fan ‘Moarns Ier’.

Yn it program …

‘Fan doe nei hjoed’

  • Sil moarns om 10.00 oere út ein set wurde en wol yn Reduzum, by Café De Welp,
  • Sil omtrint 16.00 oere de boat yn Idaard oankomme,
  • Sil omtrint 17.00 oere it lêste boek oanbean wurde,
  • Sil jûns omtrint 20.00 oere de lêste ledegearkomste plak fine.

Wy meitsje der gjin grutte demonstraasje fan, mar sille ús lûd al hearre litte.

Want wy bliuwe fan betinken dat in Fryske tradysje om’e nekke brocht is.
‘De aaisikers binne de bêste fûgelbeskermers’.
Dat gedachteguod fan master Brada en syn fûgelfreonen fan 1947 is net mear.
De kweekfiver foar de jongerein oer fjild, fûgel en natoer ha hja tichtsmiten.