Vrouwen van Nu nijs

vrouwen-van-nu-logoContactadres:
Buorren 4
9008SW  Reduzum
Email:Giestmei@gmail.com
Twitter @giestmei

 


Neidat wy yn oktober útein setten binne mei in ynspirearjende jûn mei Viola Baas, har hulphûn Patrick en it gesin (hielendal út Limburg) wêr’t Patrick alles leard hat (spesifyk foar Viola) dan no in hiel oar ûnderwerp:

Foar ús folgjende jûn op 7 novimber ha wy útnoege

 

Notaris Mirjam Bos

fan notariskantoor Mirjam Bos út Grou

Notaris Bos sil ús ynformaasje jaan oer

it opstellen fan in ‘levenstestament’

 

Wat is een levenstestament?
Een levenstestament is een notariële akte. In deze akte zijn de wensen en verzoeken vastgelegd voor het geval iemand wilsonbekwaam wordt. Wilsonbekwaam bent u wanneer u niet meer kunt of wilt handelen. Dit kan bijvoorbeeld worden veroorzaakt door een ongeluk of ernstige ziekte.

Wat kunt u in een levenstestament laten vastleggen?
Een normaal testament treedt in werking bij overlijden. Het levenstestament treedt in werking bij wilsonbekwaamheid. In het levenstestament worden voorkeuren en wensen vastgelegd, maar ook wie namens u mag optreden in geval van wilsonbekwaamheid.

 

 
It liket in dreech ûnderwerp, mar dochs like it ús goed om dêr wol ris wat oer te hearen. Eltsenien kin fansels beslisse as je dat dogge of net, mar dan witte wy derfan en witte wy wêr’t wy oer beslisse. Wy sjogge jim graach op 7 novimber om 19.45 oere yn it Lokaal.

Mear nijs yn Nijsbrief novimber 2018

 


Geboeid door de Blokhuispoort

Het was voor de dames geen straf, een bezoek aan voormalig gevangeniscomplex De Blokhuispoort. Na een gecellig bakje bij Café de Bak, stond een boeiende rondleiding door Dbieb op het program. Mooi om te zien dat de architectuur van de oude gevangenis nog heel herkenbaar was. Dat de bibliotheek niet alleen boeken is was voor velen een verassing. Cursussen, lezings, workshops en ga zo maar door .
Zo is er ook een zadenbibliotheek waar je gratis zaden kan lenen van groenten, kruiden en bloemen bij Zadenbibliotheek Fryslân.
Toen elk ontsnapt was aan de aandacht van de lettertjes konden ze met het betalen van losgeld terecht bij één van de leuke winkeltjes of kunstenaars

 

 

 

 


’Mensen kunnen niet altijd helpen, een hond wel!’ (Slogan van Hulphond Nederland)

Foar ús earste gearkomste op 4 oktober (Dierendag) om 19.45 oere yn it Lokaal ha wy Viola Baas mei har hulphûn Patrick útnoege. Viola komt út it Hearrenfean, is 35 jier jong en sit yn in elektryske rolstoel. Op dizze jûn sil sy fertelle oer de rol fan de hulphûn, en oer Patrick yn it bysûnder.

 

In dringend fersyk fan Viola: (oer de reden sil sy op de jûn sels fertelle) Wolle jim Patrick op dizze jûn negeare? Gjin oandacht oan skinke, aaien of wat dan ek. Dit is yn it belang fan Viola en fan Patrick. Alfêst tank! Viola hat Patrick krigen fia Hulphond Nederland. Hulphond Nederland helpt mensen met een fysieke of geestelijke zorgvraag door de inzet van een hulphond. Een hulphond voorkomt isolement en biedt nieuw perspectief. Hulphond Nederland heeft ruim dertig jaar ervaring in het opleiden en plaatsen van hulphonden. De hulphonden worden met respect voor het welzijn van de hond zo breed mogelijk opgeleid door deskundige trainers. Zij zijn in staat de hulphond tot wel zeventig verschillende vaardigheden aan te leren. Hulphond Nederland heeft voor iedereen de juiste hulphond. Binne jim al nijskjirrich nei Hulphond Nederland of nei Patrick yn it bysûnder?

Sjoch dan op https://hulphond.nl of op de facebooksite fan Patrick de hulphond.


It earste siedsje is plante…….
De Vrouwen van Nu bestiet oare jier 100 jier! Yn it programmaboekje stiet al in moaie oankundiging fan de berte fan ús feriening:

Tige bliid binne we mei de berte fan ús

Plattelânsfroutsje

Wy neame har Froutsje Berne op 27 juni 1919 te Reduzum

Froutsje wie yn har jonge libben al tige nijsgjirrich nei ynteressante lêzingen, in leuke kursus, in reiske , folle net genôch. Mar benammen fijne en freonskiplike kontakten, dêr hold ús Plattelânsfroutsje fan. Gesellich! Aardige dingen dwaan, kursussen fan ien middei of jûn, ris nei de film of nei in tentoanstelling, op stap mei lytsere groepkes, alles feroare mar de gesellichheid bleau troch alle tiden hinne. En sa is Froutsje, sûnder folle ûngemakken en pillenboel, dan no hast 100 jier. En dat wol se witte en dat sil se fiere! Mar noch efkes wachtsje, want it is noch net hielendal sa fier, Yn 2019 sil it heve! Ien ding is wis, Froutsje, ús eigen Froutsje fan No, hellet de 100 jier!


Op sneon 15-9-2018 gesellige ynfomerk op de Ienswei, pleats fan Jehannes en Els. By min waar yn it Lokaal oan de Ayttawei. Fan 15.00 oant 18.00 oere binne jim dêr wolkom foar:

  • aktiviteiten foar eltsenien
  • ynformaasje oer it kommende winterskoft
  • ynskriuwe foar workshops e.d., ek foar net leden, as de workshop net fol is
  • kofje gesellich efkes bijprate
  • en tee mei wat lekkers

16 froulju mei Escher op reis!
Moandeitemiddei 27 augustus wiene wy mei 16 froulju by Escher. Mei tank oan de Sakeclub Reduzum, Friens, Idaerd, dy’t ús tsien frijkaarten kado dien hie. It is in bjusterbaarlik moaie tentoanstelling dy’t, mei troch it gebrûk fan de audiotour, in moai byld joech fan it libben en de wurken fan Escher. Mar ek hoe’t it allegearre begún is, wa en wat him motivearre en stimulearre hat en hoe’t úteinlik syn bekinde ‘masterstikken’ ta stân kommen binne.

Mear nijs yn Nijsbrief septimber 2018


It binne gjin stilsitters die Vrouwen van Nu. Winterdeis binne sy dwaande mei nifeljen, workshops of gesellige jûnen yn it Lokaal en simmerdeis pakke sy bygelyks de fyts of besjogge sy de prachtichste tunen yn Fryslân. Njoggenennjoggentich jier bestean sy dit jier al al yn Reduzum en still going strong!

Sa draaiden de froulju harren hân der net foar om tidens in besyk oan ‘t Waddencenter oan de Ofslútdyk om mei de snoadfoan de QR koades yn te skannen foar mear eftergrûnynformaasje. En mei in virtual bril makken sy in spektakulêre flecht boppe de fiskmigraasjerivier.

Nei in tige lekkere lunch letter op de dei yn Makkum, giene se foar in fartocht mei elkoar de boat yn. Wat in paradyske is it bûtengebiet dêr by Makkum. Nêsten mei merkels, swannen en eintsjes en spannende lege brechjes om ûnder troch te farren. Der wie in soad wille oan board en der waard omraak songen mei de sjarmante skipper oan board.

Werom yn Makkum wachte Durkje ús op. Dizze kapster en huoddemakster wie klaaid yn prachtige klean mei in yndrukwekkende hoed. De froulju gongen mei har op kuiertocht. Yn in ferskaat oan steechjes fertelde Durkje op entûsjaste wize oer bedriuwkes en hûshâldings dy’t hjir eartiids en no noch wenje yn Makkum. Ja, Makkum brûst witte wy no, lyk as de Vrouwen van Nu út Reduzum.

Noflike simmer allegear!!

 


Nijsbrief april 2018

 

Mei de fyts derop út:
9 april, 1e kear start 13.00 oere by v.Dyk.
7 maaie, start 13.00 oere by v. Dyk.
4 juny, start 13.00 oere by v. Dyk.
13 juni, Provinsjale fytsdei, org. ôfd. Leeuwarden, nijer berjocht komt noch.
4 july, de hiele dei der op út, start 9.30 oere by v. Dyk.
6 augustus, start 13.00 oere by v. Dyk.
10 septimber, start 13.00 oere by v. Dyk,


Túnklubdatums:

26 april, Nei de tropyske túnen fan de ” Orchideeënhoeve” yn Luttelgeest.13.00oere
22 maaie,  Nei  de natoertún fan it” Hummelhûs” yn Aldhoarne.9.00 oere
25 juny , Nei de tún” ûnder de Moerbei” fan túnûntwerpster Cindy Houben Jobbegea. 13.30 oere
27 july, Nei de tún fan Frouke v.d. Zee yn Easterbierrum. 13.30 oere
6 septimber, Nei de tún en kwekerij fan ” De kleine prairie” yn’e Tynje mei Amerikaanske planten.   13.30 oere

 

 


PRESINTAASJE HAAKTE TEKKENS HAAK Inn

Yn septimber 2015 is tidens de ynfomiddei fan de Vrouwen van Nu úteinset mei in Haak Inn. It doel wie oan te heakjen by it projekt ‘Grootste gehaakte deken’. Op de ynfomiddei binne in soad froulju entûsjast begûn mei it haken fan de saneamde ‘beppe’s blokjes’. Utsein de leden fan de Vrouwen van NU, diene der ek in soad doarpsgenoaten út Reduzum en omkriten oan mei. In ploechje froulju komt sûnt dy tiid ien kear yn de moanne yn húskeamerferbân by elkoar oer de flier om te haken, breidzjen, mekoar te ynspirearje en fansels jout dat ek in soad gesellichheid.
Fan de oanlevere blokjes, lytse en grutte haakwurkstikken en jern binne seis tekkens makke…..
Der is ek úteinset mei twa ‘toverbal’ tekkens. Dizze haakwurkstikken wurde hieltyd trochjûn oan oare doarpsgenoaten mei it fersyk om der inkele toeren oan fierder te haken. Ien tekken is al klear en de twadde hast. Yn totaal komt dat dus op hast acht tekkens!
Woansdei 14 maart komt Monique van der Hoek ( ien fan de organisatoaren fan dit lanlik inisjatyf) ’s moarns om 10.00 oere yn it Lokaal yn Reduzum om de tekkens op te heljen.
Heakje jim ek oan?
Haakst oan? Ommers haken is ferbinen!.

 

LOL is los!

De Damestaart