De Damestaart

De ôfdieling Vrouwen van Nu Reduzum e.o. rint as it spoar, in grut ferskaat oan aktiviteiten kin rekkenje op in entûsjaste dielnimming, de jûnen en de middeis dy’t organisearre wurde binne gesellich en de sfear is goed. In grut tal leden set har optimaal yn foar de saak, wat wolle wy noch mear?

Om sjen te litten dat dy ynset o sa wurdearre wurdt is de saneamde Damestaart yn it libben roppen, De Damestaart om presys te wêzen. Dit smaaklike skouderklopke  wurdt tenei binnen ús ôfdieling útrikt by hiele spesjale gelegenheden of prestaasjes dêr´t ús leden by belutsen binne. It útrikken fan de taart hat in eksklusyf karakter. Bakker Andringa yn Grou soarget hieltyd foar itselde prachtich eksimplaar mei it logo fan de Vrouwen van Nu der op.

By de yntroduksje fan De Damestaart op ús Jiergearkomste fan 25 jannewaris gong it earste eksimplaar nei Gea Couperus dy´t der alle kearen wer foar soarget dat der in prachtich fersoarge NIJSBRIEF fan de Vrouwen van Nu op it kompjûterskerm ferskynt. Dizze oersichtlike en oantreklike Nijsbrief wurdt troch de leden o sa wurdearre.

Lokwinske mei De Damestaart Gea!