LOL is los!


It earste boek is besprutsen. Dizze kear, as start û.l.f. Hylke Tromp.
Hjirnei sil de lêsclub, 8 froulju sterk, sels fierder. It earste boek wie ‘Moeders Zondag’, skreaun troch Graham Swift. Hoe bysûnder is it om te hearen wat elts út sa’n boek hellet. It folgjende boek sil it lêste boek fan Adriaan van Dis wêze,’Ik kom terug’. Foar alle LOL-leden wie der dizze jûn ek noch in lytse ferrassing fan Sint en de Krystman, nl. in boek! Mei in gedichtsje, moai ynpakt yn Sinteklaas- én Krystpapier, lei dit foar eltsenien klear. Hylke waard betanke foar syn ynbring mei in lekkere sels bakte taart fan Blijke. Tsjin 10 oere gong eltsenien bliid en tefreden wer op hûs oan. In moai begjin foar in nije ynteressegroep.