Presintaasje haakte tekkens


Meet en greet met inisjatyfnimsters

Yn septimber 2015 is tidens de ynfomiddei fan de Vrouwen van Nu úteinset mei in Haak Inn. It doel wie oan te heakjen by it projekt ‘Grootste gehaakte deken’. Op de ynfomiddei binne in soad froulju entûsjast begûn mei it haken fan de saneamde ‘beppe’s blokjes’. Utsein de leden fan de Vrouwen van NU, diene der ek in soad doarpsgenoaten út Reduzum en omkriten oan mei. In ploechje froulju komt sûnt dy tiid ien kear yn de moanne yn húskeamerferbân by elkoar oer de flier om te haken, breidzjen, mekoar te ynspirearje en fansels jout dat ek in soad gesellichheid.
Fan de oanlevere blokjes, lytse en grutte haakwurkstikken en jern binne seis tekkens makke…..
Der is ek úteinset mei twa ‘toverbal’ tekkens. Dizze haakwurkstikken wurde hieltyd trochjûn oan oare doarpsgenoaten mei it fersyk om der inkele toeren oan fierder te haken. Ien tekken is al klear en de twadde hast. Yn totaal komt dat dus op hast acht tekkens!
Woansdei 14 maart komt Monique van der Hoek ( ien fan de organisatoaren fan dit lanlik inisjatyf) ’s moarns om 10.00 oere yn it Lokaal yn Reduzum om de tekkens op te heljen.

Hawwe jim thús noch haakte blokjes, of binne jim benijd nei it ferhaal efter dit projekt? Kom dan del
Heakje jim ek oan?
Haakst oan? Ommers haken is ferbinen!.