De moanne en de stjerren


Tongersdei 7 decimber is der om 20 oere gearkomste fan iisklup Eendracht yn de Welp. Nei de gearkomste (om ûngefear 21 oere) komt Henk Nieuwenhuis in fertelling jaan oer de moanne. Jimme binne fan herte wolkom hjirby oanwêzich te wezen.

Henk hat sa’n 25 jier konservator west fan it ferneamde planetarium yn Frentsjer. Hy wit as gjin oar oer de himellichems te praten. Hy is yn de wrâld fan stjerrekundigen in ferneam persoan. Troch syn bydragen is der in himellichem nei him ferneamd. Dat himellichem kinne wy net sjen, om’t it in asteroïde, in hiel grut rotsblok is. Likernôch net mis!

De moanne ferskynt net elke dei, as elke nacht. Net alle dagen is de loft skjin en dan falt der boppe neat te sjen. Soms is de moanne hielendal net te sjen om’t er mei syn tsjustere kant nei ús stiet. De moanne feroaret hieltyd fan plak, om’t er mei in gong fan 600 km/oere om de ierde draait. Ek syn foarm feroaret derby. Hoe soks ominoar draait en beweegd wurd op dizze jûn dúdlik. Wisten jo dat der yn ’t noarden fan Sweden (krekt as simmerdeis middernachtsinne) om dizze tiid it middernacht moanne is en de moanne 24 oeren oan ‘e loft stiet?

As der tongersdei gjin bewolking is en de ljochtfersmoarging is lyts, dan is der foar belangstellenden nei ôfrin gelegenheid troch stjerrekikers nei ferskillende objekten te sjen. Waarme klean derby oanlûke wurd tige oanret.