In râne fan blommen
As je in blokje om en troch it doarp rinne, dan sjogge je no in ferskaat oan blommen. De bermen en de sleatswâl it stiet der fleurich by. Lês hjir hoe't dit ta stân kommen is.
As je in blokje om en troch it doarp rinne, dan sjogge je no in ferskaat oan blommen. De bermen en de sleatswâl it stiet der fleurich by. Lês hjir hoe't dit ta stân kommen is.
No snein 7 juny is it wer safier: tiid foar in gesellige dei fol keatsen, wille en fansels in bytsje kompetysje. Sykje in maat en jou jimme op as pearke foar 5 juny op by Brecht 0620354911. Kinst kieze tusken de gewoane lytse bal of de sachte bal, dus foar elkenien is der in passende kategory. Der is in aardige priis te winnen foar de bêste outfit. De keatsferiening hat der sin oan en hopet jimme allegearre op it fjild te sjen. Tegearre mei jimme wurdt it wer in topdei!
Ek dizze moanne binne der wer lekkere koeken, tsiis, woarst en nútjes, farske bôlen, hearlike winen, sûne griente- en fruittassen, blommen, planten en hebbedinkjes en fansels alle produkten út de winkel te krijen op Oan it Swin 9. De versmarkt en de winkel fan Ale en Marjan binne iepen oant 17.30 oere.
Dizze kear is der wer in leuke gast, de Hâld Moed Cidery út Himmelum mei hearlike Apillis, in Fryske sider, kâld, evt. mei iis in lekker drankje mei dit waarme waar.
Versmarkt Reduzum.
De renovaasje fan de drûge Haven is hast klear. It gers komt al op en it lêste stik dyk wurdt klearmakke. Kommende wike, woansdei 3 en tongersdei 4 juny, wurdt de krusing Haedstrjitte en Haven oanpakt. Der binne omliedings foar it ferkear.
Foar 1 july 2026 kin der in oanfraach yntsjinne wurde by it bestjoer fan Doarpsbelang Reduzum om yn oanmerking te kommen foar it jild út it Hilverdafûns.
It giet om in bedrach fan 614 euro. Dit is allinnich foar Redúster projekten.
Oanfraach mei omskriuwing kin maild wurde nei: doarpsbelang@reduzum.com.
Heb je incidenteel wel eens een auto nodig en zoek je een alternatief voor diesel of benzine? Dan is de deelauto iets voor jou! Op donderdag 4 juni van 19.30-20.30 uur is er een vrijblijvende inloopbijeenkomst over de Dielauto van Reduzum op het parkeerterrein bij het sportveld. We leggen je uit hoe je je kunt aanmelden, hoe de auto werkt én je kunt een proefrit maken! Voor meer informatie en aanmelding: deelauto@reduzum.com.
Wat is it moai simmerwaar. Elk kin lekker boartsje, swimme as lanterfantsje oan it strân. Noflik nei skoaltiid mei-elkoar op it strantsje Oan it Swin wille meitsje.
Sneon 23 maaie wie der wer in tige gesellige aktiviteit organisearre yn Friens foar jong en âld. De middei begûn mei kofje, tee en limonade, wêrnei’t de dielnimmers yn 6 groepen ferskate spultsjes dienen. Der waard in soad lake en elkenien die entûsjast mei.
Nei de spultsjes waard der troch De Blauwe Tinte in hearlik buffet fersoarge. De hiele groep koe dêrnei gesellich genietsje oan de biertafels fan lekker iten. It wie wer in tige slagge en gesellige dei!
Morgen komt de 89ste editie van de Elfstedentocht voor motoren, auto’s,solexen en bromfietsen ook door Reduzum: de route is door Wirdum, Tsjaerderdyk, tunnel naar Reduzum bij Trije Romers links naar Snitserdyk direct links naar Jirnsum en vlak voor Jirnsum rechts richting Poppenwier. Eerste start is 06.30 uur en de laatste groep begint om 09.00 uur. De 1e groep zal ongeveer om 06.45 uur door Reduzum rijden en de rest volgt.👌🏎🟀https://www.fmc.nu/