Efkes by heit sjen
As heit Klaas Hellinga yn it doarp by boer Hooghiemster oan it wurk is, kinne Hindrik en Klaas jr. en hun freontsje der moai efkes sjen. Mei hun eigen lytse tractors fleane se dan it doarp troch nei de buorren. Want alles wat heit docht is machtig moai fansels.