Geeske Smorenburg kandidaat bestjoerslid Doarpsbelang

It duorret noch in skoftsje, mar oer twa moanne sit Klaas Hofstra net mear yn it bestjoer fan Doarpsbelang; syn 5 jier sitte der dan op. It bestjoer hat Geeske Smorenburg ree fûn om it plak fan Klaas yn te nimmen. Op 12 april op de jiergearkomst sil it bestjoer har foardrage as nij bestjoerslid.