Jubileum foar ROTO
“Dizze winter bestiet tonielferiening ROTO 70 jier”, sa fertelde foarsitter Piter Renia justerjûn. “ Dêrom krijt it publiek wat ekstra’s, nammentlik acht tonielstikjes foar de priis fan ien”. Yn oanwêzigens fan twa fan de fjouwer skriuwsters, Baukje Wytsma en Tsjits Jonkman, brochten fiif froulju dizze jûn acht sketskes foar it fuotljocht. En oan de ein fan de jûn is Piter noch erelid makke om’t er 25 jier bestjoerslid wie.