Wegpiraat
Tink der om, pas op, dêr komt Mirte Wijnstra oan. Op har lyts fytske makket se it hiele doarp ûnfeilich. Elkenien moat goed oppasse as Mirte mei de fyts op ‘e dyk is. Se kin al hiel goed fytse, en as je de grutte flach efter op har fyts sjogge, dan wurde jo dochs wol in bytsje benauwd.