Nije bewenners

Juster seach in buertbewenner de earrebarre al yn de omjouwing fan de Legedyk omfleanen. Fan ‘e moarn stie de fûgel al efkes op it nêst. Soe dit in foarteken wêze foar guon froulju út it doarp? Soe de peal nei safolle jierren no dochs brûkt wurde dêr’t er foar bedoeld is?