Jierlikse skou fan ‘grien’ en ‘griis’
75 oandachtspunten hie Doarpsbelang op de list setten foar de jierlikse skou. Fan ‘e middei rûn Durk van Gorkum mei de fertsjinwurdiger fan de gemeente troch it doarp om dizze list nei te rinnen. Guon punten sille fuort oanpakt wurde, mar oare -lykas it oanpassen fan it krúspunt It Pypke-Suderom en nije beammen oan de Legedyk- sille langer duorje. Ein maaie krije we mear te hearren.