Kastanjes

Prachtige beammen binne it, foaral as se yn ‘e bloei stean, de kastanjebeammen. Yn Reduzum stean der hiel wat, mar hoe lang noch?

Doe’t Bartle de Leeuw goed twa wike lyn út namme fan de Griengroep ús grien ynspektearde, waard dúdlik dat se hast allegear lêst ha fan de kastanjesykte. Hooplik groeie de beammen der oer hinne.