Troch waar en wyn

Nei in oantal wiken moai droech maaitiidswaar, is in reinbuike suver noflik. Allinnich as jo op ‘e fyts nei skoalle en wurk moatte is it wol wer efkes wennen. It reinpak moat wer oan. Foar kranterinster José Andringa gjin punt, se bringt alle dagen mei rein en sinne skynwaar de krante by jo thús.