Boarterstún wer oké

De boarterstúnkommisje hat hjoed mei in oantal heiten wer drok dwaande west. De boarterstún oan de Smedingstrjitte is hjoed ûnder hannen naam. It measte wurk siet dizze kear yn it ôfstekken fan gers wat rûn de boarterstastellen groeide. Foar de simmer noch sil de boarterstún bij it sportfjild syn jierlikse ûnderhâldsbeurt krije.