Trije kear is skippersrjocht

It wie in best wykein foar Folkert Bergsma. Freed wûn er al in krâns yn Wergea mei it ôfdielingspartuur. Sneon wer yn Wergea de earste priis yn de jeugdfederaasje, en juster yn Pingjum wie it wer raak. Nei in spannende finale yn de KNKB partij foar skoaljonges krige er dêr de tredde krâns op ‘e skouders.