Frjemde fisk

Jehannes, Fedde, Lenny, Robin en Folkert binne faak te fiskjen yn de haven. Mar wat se lesten oan de angel hiene wie wol tige bysûnder. Doe‘t de blinkert fêst siet, hellen de jonkjes mei help fan skepnetten en oar ark in fyts boppe wetter. Lokkich kamen se de eigner op ‘t spoar der‘t de fyts út it hok stellen wie. Die kin no moai syn fytspoetse.