Lêzen is ek in útdaging

It is woansdei te jûn en de bibliobus stiet by de Haven. Boeken ruilje en dan nei hûs om te lêzen. Mar salang koene dizze twa famkes net wachtsje. Se sieten op ‘e leagenbank mei harren nije stripboek op ‘e skoat. Gau sjen wat foar aventoeren harren striphelden no wer belibje soenen.