Master Henk is jierdei

It binne foar de skoallebern, masters en juffen de lêste dagen foar de grutte fakânsje. In protte bern dy’t yn de fakânsje jierdei binne fiere dizze dagen harren jierdei. Allegear traktaasjes en lokwinsken. Mar ek master Henk ûntkomt der net oan. Hy mei op de tafel stean en wurdt troch elkenien tasjongen. En fansels binne der ek lokwinsken en tuten fan de juffen.