Oan ‘e wetterkant

Sa op in moaie simmerjûn kin it mar drok wêze oan de Swette. Net allinnich fytsers en kuierders mar ek fiskers fine dêr har plakje. Der binne no sa’n 20 nije steigerkes makke tusken de reiden. Dizze trije jonge fiskers hawwe dêr in soad wille fan.