Oanfalle…

Se stean der hielendal klear foar. Albertine, Jehannes, Léon en Corné dogge mei har wetterpistoal in wedstrydsje wa’t it fierste sjitte kin. En fansels treffe je dan ek wol ris in ûnskuldige foarbygonger. Mar no’t de sinne wer sa lekker skynt is in pear drippen wetter op ‘e lea fansels gjin straf.