Bonnema’s sile bêst yn Sneekweek

Ús beide Bonnema’s dogge it dit jier mar bêst yn de Sneekweek. Lysbet stiet nei fjouwer wedstriden yn har klasse op it earste plak yn it tuskenklassemint. En broer Jorrit docht it net folle minder: hy stiet nei fjouwer wedstriden op in kreas twadde plak.