Augustus is rispmoanne

De pake- en beppesizzers fan Jehannes en Dukke Zijlstra hoege harren yn de fakânsje by beppe net te ferfelen. Pake hat sa’n protte druven yn syn tún, dat se strúskes druven, dy’t net bespuite binne, ferkeapje meie. In moai fruitich hanneltsje foar dizze famkes.