Euro foar gelok
Tanje van Lingen leit in euro ûnder de peal dy’t sy heie sil. Se moast betiid fan’t bêd want Gerbrandy soe om sân oere begjinne. De buorlju waarden moarns om kertier foar sânen al opskrikt troch de dreunen fan ‘e masine. Gerbrandy makket lange dagen. De earste peal fan Swinlân sloech er yn jannewaris om jûns sân oere.